Russyske Revolúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 12:
 
== Oktoberrevolúsje ==
{{Apart|Oktoberrevolúsje}}
Ein septimber achte Lenin de tiid ree om yn opstân te kommen tsjin it sintraal útfierend komitee. De foarsitter fan de sowjet fan Petrogard, [[Trotski]] waard belêste mei de tarieding fan de opstân. In militêr revolúsjonêr komitee waard oprjochte en as streefdatum waard de twadde byienkomste fan de al-Russyske riedskongres nommem. Op [[25 oktober]] besetten troepen fan it komitee strategyske punten yn de stêd. De regearing waard ôfset en de ministers arrestearre. Kerenski besocht sûnder resultaat Pegrograd te weroverjen (30 oktober). De bolsjewiken stuiten ynearsten nearne op grutte tsjinstân, útsein yn Moskou en yn Súd-Ruslân. Op [[26 oktober]] begûn it twadde al-Russyske kongres fan de Sowjets dêr't de bolsjewiken de mearderheid hienen en in Bolsjewistyske regearing keazen, de earste ried fan folkskommisarissen, him neamend "foarlopige arbeiders- en boereregearing".