Ferskil tusken ferzjes fan "Soennisme"

red
L (red)
(red)
It '''sûnnisme''' (سونى) of de '''sûnnityske islam''' is de grutste haadstreaming fan de [[islam]]. De op ien nei grutste streaming is het [[sjiïsme]]. It sûnnisme is ferdield yn ferskate [[madhhab|madhahib]] dy't neist inoar bestean sûnder opfallende ûnderlinge konflikten.
 
It wurd ''[[sûnna]]'' is [[Arabysk]] foar 'tradysje'. Sûnnityske moslims folge de tradysje dy't basearre is op it libben fan de lêste profeet fan de islam, [[Mohammed]]. Dêrby hat de ''[[hadit]]'', in samling fan de preken en hannelingen fan Mohammed, neist de [[Koaran]], it hillige boek fan de moslims, in protte gesach ûnder de sûnniten.
Ek de ynstimming fan de ''[[sahaba]]'' (de earste moslims) ''idjma-as-Sahaba'' neamd oer bepaalde spesifike saken, en de ''qiyās'' (analogy) mei dizze en oare foarfallen binne boarnen binnen de sûnnityske streaming fan de islam.