Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 27:
 
=== Gysbert Japiks ===
De taal en stavering fan [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) syn wurk wie de grûnslach fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/index.php?NewsId=20 gemeentenenfrysk.nl] Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan</ref> Japiks makke in eigen stavering dy't fier fan de Aldfryske stavering (foar 1550) ôf stie. Nei de ein fan [[Fryske frijheid]] yn 1498 ferdwûn it Aldfrysk as skriuwtaal fan it bestjoer. Gysbert Japiks wurke skriuwendewei oan syn stavering fan it Frysk. Taalwittenskipper [[Tony Feitsma]] makket yn de stavering fan Gysbert Japiks in gronologysk ûnderskie fan fjouwer fasen, en giet dêrby gronologysk út fan twa staveringen.<ref>Tydskrift foar Fryske taalkunde, jiergong 7 (1992), nûmer 2</ref> Utgeande fan twa staveringen wie de stavering fan Gysbert Japiks al tige konsekwint. De begjinsels fan Japiks binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieuiuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29 11en30.nu] Gysbert Japiks</ref> It skreaune Frysk fan de 19e ieuiuw liket alteast noch foar in part op de stavering fan Japiks: sawol Japiks as njoggentjinde ieuskeiuwske skriuwers skriuwe ''ho'' op plakken dêr't hjoed-de-dei ''hoe'' skreaun wurde soe. Japiks brûkt foar wurden as ''mei'' en ''ein'' de skriuwwize ''mey'' en ''eyn''.
 
=== 19e ieuiuw ===
[[Ofbyld:Staveringen skema.jpg|thumb|320px|Skematysk oersjoch fan de stavering fan it Frysk. De Iduna-stavering hâldt gjin direkt ferbân mei de stavering fan it Aldfrysk, krekt as de Selskipstavering ek gjin direkt ferbân hâldt mei de stavering fan Gysbert Japiks. Lykwols binne dy skriuwwizen yn beide gefallen wol brûkt as referinsjepunt.]]
Yn de earste helte fan de 19e ieuiuw kaam der mei de [[Romantyk]] mear omtinken foar it [[Frysk]] as skriuwtaal. [[Joast Hiddes Halbertsma]] hie foar syn teksten de stavering fan Gysbert Japiks fierder ûntwikkele en ta-eigene. Yn 1834 ferskynde syn Fryske stavering dy't er ferlike mei dy fan Japiks. Mei de eigen stavering begûn [[Joast Hiddes Halbertsma]] mei it skriuwen fan in Frysk-Latynsk wurdboek ('"Lexicon Frisicum"), mar makke gjin dien wurk.<ref>[http://itnijs.nl/2011/07/in-grut-frysk-latynsk-wurdboek/ It Nijs] In grut Frysk-Latynsk wurdboek (4 july 2011)</ref>
 
[[Harmen Sytstra]] ûntwurp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die sterk tinken oan dy fan de midsieuskemidsiuwske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't Halbertsma syn stavering wol op basearre hie.
 
De striid gong healwei de 19e ieuiuw tusken de praktyske stavering fan Joast Hiddes Halbertsma en de argayske stavering fan Harmen Sytstra. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisy en de praktisy. It '[[Selskip 1844]]' stelde in kommisje yn, dy't him dwaande hold mei it skriuwen fan in algemiene stavering. Yn 1879 stelde it Selskip 1844 de stavering fêst sa't er troch de kommisje betocht wie. Yn dat jier ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Letter soe de stavering bekend wurde as de 'Selskipsstavering'.
 
Yn de Selskipstavering binne foaral eleminten út de stavering fan Halbertsma's werom te finen. In foarbyld is it oernimmen fan de Nederlânske ''oe'', wylst alle oare Germaanske talen dêr it teken ''u'' foar brûke. De stavering grypt ek werom nei it Aldfrysk, lykas by it skriuwen fan in ''h'' yn ''hwa'', dy't nei alle wierskyn net mear oerienkaam mei de 19e-ieuskeiuwske útspraak. De ''o'' yn ''to'', no it wurdsje ''te'', wie yn de njoggentjinde ieuiuw noch wol te hearren. Dat wie ek sa mei it wurd ''fan'' dat foar 1945 noch as ''fen'' skreaun waard.
 
Yn 1879 namen de Deputearre Steaten fan Fryslân it beslút dat der in folslein wurdboek Nederlânsk-Frysk ("Friesch Woordenboek") fan it [[Nijfrysk]] komme moast. Utgongspunt wie de "Lexicon Frisicum" mei al it oare wurdboekmateriaal dat Halbertsma neilitten hie oan de provinsje. [[Waling Dykstra]] waard de skriuwer fan dat nije wurdboek. It earste diel kaam út yn 1900 en it tredde en lêste diel yn 1911. Troch publikaasjes fan skriuwers en it ferskinen fan Fryske wurdlisten en [[wurdboek]]en krige de Selskipstavering yn de 19e ieuiuw stadichoan in sterkere posysje dy't rûnom as standert erkend waard.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/upload/files/taalfanithertfrysk.pdf Taal fan it hert] side 12</ref>
 
=== 20e ieuiuw ===
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|180px|In modern staveringslearboek fan de [[Afûk]].]]
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichter by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''scille'' soe tenei as ''sille'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.
Rigel 58:
!colspan="16"|'''Untjouwing fan de Fryske skriuwwize'''
|-
|Aldfrysk (1300)||Aldfrysk (1450)||Gysbert Japiks 17e ieuiuw||Selskipstavering 1879||Akademystavering 1945||Steatestavering 1980
|-
| wesa || wessa || wezze || wêze || wêze || wêze