Pûnsmiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
== Mjitte ==
Stikken lân waarden eartiids in protte beneamd neffens de grutte. It oerflak waard mei in namme oanjûn dy't oerienkaam mei it tal pûnsmietten dat it lân wie.
De pûnsmiet is neffens [[Van Dale]] 36,75 [[metryk stelsel|are]] grut, mar der binne lytse regionale ferskillen. Begjin [[19e ieuiuw]] waarden de âldemjitten oan de kant skood. Ien Fryske pûnsmiet wie 1,25 [[mêd (oerflaktemjitte)|mêd]] = 0,5 [[kowegong]] = 3674,3664 m². It is in sabeare krektens, want in pûnsmiet ferskilde earder fan plak tot plak. Omdat doarpen gauris ferskillende roedes hienen, moatte de pûnsmietten dus ek ferskillend west hawwe.
 
De grûnslach fan de pûnsmiet wurdt foarme troch de ''[[keningsroede]]'': 240 kante keningsroeden meitsje in pûnsmiet. De pûnsmiet wurdt ferdield yn 12 ''einsen'', elk fan 20 kante roeden. De kante roede waard ek wol ''peinje'' of ''keningsweide'' neamd.
Rigel 10:
De wurden dy't yn de mjitterij brûkt wurde, hawwe te meitsjen mei jild. Winliken is mei 'pûn' de wearde fan in pûn sulver bedoeld. Ien pûn bestie út tolve ûns, mar der wiene ek oare ferdielings, en in ûns wie tweintich pinningen
 
== 21e ieuiuw ==
It pûnsmiet hat it as flaktemjitte yn de iere [[20e ieuiuw]] ôflizze moatten tsjin de [[are]] en [[bunder]], al wurdt er sels begjin [[21e ieuiuw]] noch in inkele kear oantroffen.
 
Op in soad plakken yn [[Fryslân]] waard noch lang in namme brûkt, mei dêrefter in sifer, wat dan wer de grutte fan it bedoelde persiel yn pûnsmiet oanjout. Sa wurdt bygelyks mei "lange 3" in lang en smel stik lân bedoeld ter grutte fan 3 pûnsmiet en is "achttjens hoek" in hoeke grûn fan 18 pûnsmiet (rom 6,5 [[bunder]] of ha.).