Neoklassisisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
{{commonscat|Neoclassicism}}
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
[[Ofbyld:La Madeleine Paris.jpg|thumb|200px|De fasade fan La Madeleine yn Parys, neoklassisisme yn de arsjitektuer]]
[[Ofbyld:Schermerhorn.jpg|thumb|right|200px|''Schermerhorn Symphony Center'']]
'''Neoclassicisme''' is in keunststreaming, wêryn't men de ferûnderstelde súverens fan de klassiken neistribbe. Men rjochte har op de keunst fan de âlde [[Griken]] en [[Romeinske Ryk|Romeinen]]. Dizze styl waard fral tapast oan de ein fan [[18e ieuiuw]] en it begjin fan de [[19e ieuiuw]].
 
De grins yn de tiid tusken it [[klassisisme]] en neoklassisisme, is net altyd dúdlik. Yn ferskillende lannen wurdt de namme faak foar ferskillende tradysjes brûkt. De namme klassisisme wurdt meast brûkt foar 17e ieuskeiuwske keunstners sa as [[Nicolas Poussin]] en [[Claude Lorrain]], dy't harren ynspirearje lieten troch de antike keunst fan de Romeinen en Griken. Mei ''neoclassicisme'' omskriuwt men it wurk fan lette 18e-ieuskeiuwske en ier 19e-ieuskeiuwske keunstners sa as, de Frânske skilders[[Jacques Louis David]] en [[Jean Auguste Dominique Ingres]], of de byldhouwers [[Antonio Canova]] en [[Bertel Thorvaldsen]]. Sy stribben sterker nei in trouwe neifolging fan de ydealen fan de Griken en Romeinen. Foaral eleminten fan de klassike [[timpel]]s mei harren pylderfronten fynt men werom yn it NoeklassisismeNeoklassisisme. Yn Nederlân hearre de measte tsjerken út de earste helte fan de [[19e ieuiuw]] ta de neoklassike boustyl. It [[Paleis fan Justysje yn Ljouwert]] is der ek in foarbyld fan.
 
De neoklassike streaming kaam op nei in twatal wichtige argeologyske fynsten dy't it omtinken foar de [[Aldheid]] oanwakkerje die: de opgraving fan [[Pompeii]] (1748) en de fynst fan de [[stien fan Rosetta]] (1799) en de ûntsifering derfan troch [[Jean-François Champollion|Champollion]] (1822). It wurk fan de tekeners en wittenskippers dy't [[Napoleon Bonaparte]] meinaam nei [[Ottomaansk Egypte|Egypte]], spriek ta de ferbylding fan de minsken fan doe. De teoryen fan [[Johann Joachim Winckelmann]] spilen fierders in kaairol by it omtinken. It neoklassisisme fersprate him oer Eurpoa en Noard-Amerika fan [[Rome (stêd)|Rome]] út.
Rigel 12:
Yn Nederlân kin [[Johannes van Dreght]] rekkene wurde ta de keunstners dy't yn dizze styl wurken.
 
== Neoklassisisme yn de 21e ieuiuw ==
 
Nei it tiidrek dêr't moderne arsjitektuer foar master opsloech (rûchwei nei-WWII oant mids 1980er jierren), is it neoklassisisme hjir en dêr wer wat yn it opkommen. Yn de [[Feriene Steaten]] wurde guon publike gebouwen wer yn de neoklassike styl boud, yn 2006 noch, waard sa it ''Schermerhorn Symphony Center''.
Rigel 18:
Yn it [[Feriene Keninkryk|Brittanje]] binne ek wer in stk as wat arsjtekten warber yn de nijklassike styl. Foarbylde binne twa universiteitsbibleteken: [[Quinlan Terry]] syn ''Maitland Robinson Library'' yn ''Downing College'' en fan 'Robert Adam Architects' de Sackler bibleteek. De mearderheid fan nijklassike bouwurken binne lykwols gewoane wenten.
 
Yn de 21e ieuiuw falt neoklassike arsjitektuer ûnder de sammelnamme 'tradysjonele arsjitektuer'.<ref>[http://www.taguk.net/members.asp Traditional Architecture Group]</ref> In tal foarbylden fan de [[postmoderne arsjitektuer]] is ynspirearre troch- en hat skaaimerken fan it neoklassisisme; it Nasjonale Teater fan [[Kataloanje]] yn [[Barselona]] sit dêr by.
 
== Keppeling om utens ==