Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 15:
It twadde steedhâlderleaze tiidrek einige yn [[1747]], doe de Fryske steedhâlder, [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], ek wer as gefolch fan bûtenlânske driging ta (erflik) steedhâlder fan alle gewesten en kaptein-generaal en admiraal-generaal fan de striidkrêften útroppen waard.
 
=== De Gouden IeuIuw ===
Yn de [[17e ieuiuw]] belibbe de Republyk in bloei sûnder wjergea op polityk en ekonomysk mêd. In skoft lang wie it de grutste maritime steat fan de wrâld, mei admiraals as [[Maarten Tromp]] en [[Michiel Adriaenssoan de Ruyter|Michiel de Ruyter]]. Earst yn de rin fan de [[18e ieuiuw]] ferlear it stadichoan dy posysje oan [[Feriene Keninkryk|Ingelân]], dêr't Nederlân fjouwer seeoarloggen mei fierde (sjoch: de [[Ingelsk-Nederlânske Oarloggen]]). De Hollânske en SieuskeSiuwske stêden, al yn de Boergondyske tiid sintra fan hannel en skipfeart, kamen ta grutte bloei, fral ek troch de ûntwikkeling fan it koloniale ryk ([[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] en [[Westyndyske Kompanjy]]).
 
Nederlân liet yn dat tiidrek ek in bloeiend geastlik libben sjen, mooglik makke troch de relative ferdraachsumens dy't hjir hearske, nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke|Grifformearde Tsjerke]], wêryn sûnt de [[Synoade fan Dordrecht]] de ortodoksy triomfearre. Ek de keunsten (benammen de skilderkeunst) en wittenskip bloeiden.
 
De [[18e ieuiuw]] joech op sawat alle gebieten in tanimmend ferfal te sjen. Wol koe Amsterdam, fanwege de grutte rykdommen dy't yn de foarrige ieuiuw sammele wie, noch in grutte rol spylje as finansjeel sintrum fan de doetiidske wrâld.
 
=== De ein fan de Republyk ===
Yn de twadde helte fan de [[18e ieuiuw]] krongen de ideeën fan de [[Ferljochting]] troch yn Nederlân, wat de polityk oanbelanget it ûntstean fan de [[Patriotten]]beweging ta gefolch hie. De Republyk waard ferskuord troch fûleindige partijtwisten, dêr't de patriotten hieltyd mear de winnende hân yn krije soene, oant yn [[1787]], in ynfal fan [[Pruisen|Pruisyske]] troepen, te help roppen troch prinses Wilhelmina (in suster fan de kening fan Pruisen), in restauraasje fan it steedhâlderlik gesach ta gefolch hie. Lykwols makke de ynfal fan de [[Frankryk|Frânsken]] yn [[1795]], in ein oan de Republyk (sjoch: de [[Frânske tiid]]).
 
== Yndieling ==