Allemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red., mar fierders neat te rêden
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
[[Ofbyld:Aldwâld Allemastate fooar de restauraasje2 foto 1987.jpg|thumb|right|300px|''Allemastate'']]
[[Ofbyld:Aldwâld Allemastate foargevel foar de restauraasje.jpg|thumb|right|300px|''Allemastate'']]
'''Allemastate''' of '''Allema State''' is de âldst bekend Fryske sealstins yn de [[buorskip]] de [[Wygeast]] by [[Aldwâld]] yn de gemeente [[Kollumerlân]]. De [[stins]] kin ein [[15e ieuiuw]] boud wêze, mar mooglik al earder. Allemastate is bewenne en net te besjen.
== Allema’s ==
De Allema’s kinne fergelike wurde mei de Phaesma's en de Bama's fan [[Kollum]] en de Idema's fan [[Westergeast]], omdat se ek in famylje op de râne fan adel en eigenerfden wienen. Se wienen besibbe oan de famyljes Phaesma en Idema út Kollumerlân, Herbranda en Jeltinga út [[Bûtenpost]], Haersma fan [[Eastermar]] en Loma yn [[Doezum]]. Nijsgjirrich is dat hjoeddeisk de famylje, dy’t nea eksplisyt as aadlik of as haadlingenfamylje oantsjutten waard, yn de 15e ieuiuw yn in goed te ferdigenjen stienhûs wenne mei dikke muorren. Oant yn de 18e ieuiuw fererve de stins yn de famylje Allema, en de yn froulike line dêrút foarkommende Alma fan Idema's.
 
== Earste bewenners ==
Mooglik is de stins sette litten troch Redmer hear Allema (of syn soan), dy’t omtrint [[1495]] kastlein of steedhâlder fan [[Eastbroeksterlân]] wie (dat letter part wurde soe fan Kollumerlân) fanwege de stêd Grins as gefolch fan it ferbûn fan [[1467]], mar it is ek goed mooglik dat de stins doe al betsie en syn namme krige fan syn nije eigener. Louw Allema ferstoar yn [[1531]] op Allema state. Syn soan Eesck Allema hie lân yn Kollum, Westergeast en Aldwâlde en ruile lân mei Hessel Bootsma. Yn [[1551]] wie hy rjochter yn Kollumerlân; syn dochter Rebs troude mei Bene Buwes fan Jeltinga. Hy liet Allema state blykber net oan syn dochter nei, want letter komt syn broer Sije foar as eigener fan "Alma-state en zathe opte Wygeest". Sije soe om [[1567]] hinne ferstoarn wêze. Dan wenje Saes Allema en har man Offke Mellema, sekretaris fan Kollumerlân, op "Oldwolde". It stiet lykwols net fêst oft it yndie op Allema state west hat.
 
== 17e ieuiuw ==
Yn [[1596]] wennet Rinsck Allema, dochter fan Sije, mei har man op de Wygeast, dus frij seker op de state. Hje besiet nei’t skynt in diel fan de state, want it achterhûs fan "Sije Allema-saete en state opte Wygeest" foel yn [[1614]] by skieding ta oan har soan (út earste houlik) Sije Hayes, wylst it oare diel grif fan har broer Ede Allema wie.<br>
Ede Allema wie substitút-[[grytman]] fan Kollumerlân, foar it Spaansk bewâld, en tsjerkefâd fan Aldwâld. Foar de skiednis fan Allemastate binne syn dochters Sjuw, Rebs en Thiet fan belang. Thiet boaske mei har (achter)neef Sije Allema. Se wennen yn 1600 en 1620 op Allema. Harren dochter Rebs Allema wie yn 1640 tegearre mei Ede en Ene (Ennius) Harmens Idema, soannen fan Sjuw Allema, eigenaresse fan de state. Yn 1655 kochten Ede en Ene it treddepart yn de state fan de bern fan Rebs. Nei alle gedachten hie Ede gjin bern of is letter troch syn broer útkocht. In soan fan Ene Idema en Elisabeth van Botnia, Hermanus Idema, wie doarpsrjochter en tsjerkefoud fan Aldwâlde. Hy bewenne Allemastate, dêr't hy yn 1698, tegearre mei syn broer Edo Alma fan Idema, eigener fan wie.
 
== 18e ieuiuw ==
Nei Hermanus Idema is Allema wierskynlik net mear troch de eigeners bewenne. Yn 1832 leinen om de buorkerij oan trije siden noch grêften. Yn it foarhûs binne resten fan de eardere stins bewarre. De noardgevel fan it foarhûs is 75 cm dik en bestiet ýt bleekreade kleastermoppen. Op it plak fan it raam yn dizze muorre siet in meter boppe it hjoeddeiske meanfjild in doar. Oan beide kanten fan dizze doar sieten letter tichtmitsele ramen, wêrfan de hoekstiennen noch te werkennen binne.
 
== Sealstins ==
Fanâlds wie Allema State dus in MidsieuskeMidsiuwske sealstins, dêrnei ieuwenlangiuwenlang in boerebedriuw en no is it in wenbuorkerij. Hiel lang wie net mear bekend dat it foarhûs fan dizze pleats restanten wienen fan in sealstins en wienen der sels plannen om it ôf te brekken, wêrmei’t Fryslâns âldste foarhûs tsjin de flakte gien wêze soe.<br>
De âlde stins is no de wenkeamer fan de pleats, dy’t steand op in hege sânrêch boppe it lânskip útstekt. It útsjoch oer it roerleaze kûlisselânskip is prachtich en it wenjen ekstra rêstich, trochdat de eardere pleats mei de kont nei de dyk ta stiet.
 
== De State ==
It hûs is ien fan de twa noch besteande sealhuzen yn Fryslân. De oare is [[Dekemastate]] yn [[Jelsum]]. In sealhûs is in robúste, langwerpige ienkeamerwenning. In pleats is itt dus net. De skuorre is der pas inkele jierren letter efter komd. De hjoedddeiske bewenners hawwe fan de poarspronklike ienkeamerwenning wer echt ien keamer makke troch in tuskenmuorre wi te heljen.
Oer it hiem rinnend wiist de hjoeddeiske eigener Schelfhout op de foargevel fan syn sa koestere 'stienhûs'. De muorre fan kleastermoppen is hast in meter dik en miskyn wol sânhûndert jier âld. De fundearing is ûnderoan sels trije meter breed. Begryplik, want de stins is oait twa kear sa heech en dus noch folle swierder west. De mopstiennen fan de boppeferdjipping binne fermoedlik opnij brûkt by de bou fan de melkkelder en de skuorre. Yn de midden fan de foargevel sit in smel raam, mar oarspronklik wienen der allinnich in sjitslûf en twa krúsbôgefinsters. Dizzen binne tichtmitsele, mar de âlde kontoeren binne noch te sjen. De dimpte grêften hat Schelfhout weromkomme litten yn it lânskip. "Allinnich net eksakt op itselde plak, want dan soe der oan ieuweniuwen oan hûsôffal nei boppen komd wêze".
 
== Restauraasje ==