Jamaika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: yo:Jamáíkà is een goed artikel
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 36:
De grutte stêden fan it lân, û.o. de haadstêd [[Kingston]], Portmore, Spanish Town, Mandeville, Ocho Ríos, Port Antonio, Negril, en Montego Bay lizze oan de kust. Kingston Harbour is ien fan de grutste natuerlike havens yn de wrâld. Oer it eilân ferspraat binne ferskate toeristyske attraksjes, te witten: [[Dunn's River Falls]] yn St. Ann, [[YS Falls]] yn St. Elizabeth, de Blue Lagoon yn Portland, en Port Royal. De moaie kusten lûke in protte badgasten.
 
It klimaat op Jamaika is [[Tropysk klimaat|tropysk]] mei meastentiids hjit en fochtich waar. Jamaika leit yn de [[orkaan]]sône fan de [[Atlantyske Oseaan]], mei as gefolch dat it eilân betiden te krijen hat mei swiere stoarmskea. De Orkanen "Charlie" en "Gilbert" rekke it eilân yn 1951 en 1988, en feroarsake grutte skea mei protte slachtoffers. Yn it begjin fan de [[21e ieuiuw]] hawwe de orkanen "Ivan", "Dean", en "Gustav" allyksa Jaimaka in protte ûngemak brocht.
 
== Skiednis ==