Lev Tolstoj: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Libben: [[]]
Rigel 8:
Lev (Leo) Nikolajewitsj Tolstoj waard berne op it bûten Jasnaja Poljana, yn de omkriten fan [[Toela]], 100 kilometer súdlik fan [[Moskou]]. Hy kaam út in famylje fan hege adel. Syn heit greve [[Nikolaj Iljitsj Tolstoj]] die mei oan de Heitelânske Kriich fan 1812. Syn mem Maria Nikolajevna wie foarstin. Syn âlden stoaren doe't er noch jong wie dat hy waard grutbrocht troch famylje. De libbensjierren op Jasnaja Poljana hat in grutte ynfloed hân op de takomstige skriuwer. Dêr rekke er fertrouwd mei it libben fan de earme boeren fan Ruslân. Dêr kaam er ek al betiid yn de kunde mei de gedichten, [[mearke]]s en [[leginde]]n fan [[Aleksander Poesjkin|Poesjkin]].
 
Yn 1844 gie er mei sechtjin jier nei de [[universiteit vanfan [[Kazan]], dêr't er easterske talen studearre as tarieding op in diplomatike karrêre. Yn [[1851]] krige er hege gokskulden dat hy gie mei syn âldere broer nei de [[Kaukasus]] en gie dêr it leger yn. Tolstoj fjochte yn de [[Krimoarloch]] en yn dy tiid skreau er syn earste ferhalen.
 
Werom op it bûten fan de famylje stifte er syn earste skoaltsje foar bern fan earme boeren. Hy wie doe 21. Hoe lang dit skoaltsje bestien hat is net bekend. Yn de jierren [[1857]] oant [[1861]] reizge er ferskate kearen nei [[West-Jeropa]] ([[Dútslân]], [[Frankryk]], [[Itaalje]], [[Ingelân]], [[Belgje]] en [[Switserlân]]) om dêr ûnderwiismetoaden te bestudearjen. Yn 1859 stichte er foar de twadde kear in skoalle op Jasnaja Poljana, en die yn 1862-1863 ferslach fan syn ûnderfinings as pedagooch en learaar yn in eigen tydskrift, ''Jasnaja Poljana'', dêr't tolve ôfleverings fan ferskynden. Yn 1863 hjitte it Tsaristyske regear him om de skoalle te sluten fanwege foar it rezjym gefaarlike ideeën sa as fergees ûnderwiis en Tolstoi syn pedagogyske opfettings rjochte op de frijheid fan it yndividu. Tolstoj waard oanklage fanwege gearspanning tsjin de tsaar, mar waard net fêstset. Ferbittere oer it politike klimaat fan syn lân, lei er him doe folslein ta op de skriuwerij.<ref>[http://portland.indymedia.org/en/2002/11/33148.shtml Portland independent media center]</ref>. Yn 1862 troude Tolstoj mei [[Sofia Andrejevna Behrs]]; yn de neifolgjende jierren skreau er ek syn ferneamde grutte romans ''Oarloch en Frede'' en ''Anna Karenina''.