Leif Eriksson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 13:
Leif kocht om [[1000]] hinne Bjarni's skip, en farde mei 35 man nei it troch him beskreaune lân. It earste dat er fûn, neamde er [[Hellulân]] (Lân fan de platte stiennen of grotten, mooglik [[Baffineilân]]), súdlik dêrfan fûn er [[Marklân]] (Houtlân, faaks [[Labrador (skiereilân)|Labrador]]), en noch fierder nei it suden [[Vinlân]]. Dêr stifte er in koloanje mei de namme 'Leifsbuðir' (Leifs hûzen). Vinlân (Wynlân) waard sa neamd om't in lid fan de groep wylde druven oantrof. It klimaat dêr wie myld, it frear net folle en it hiele jier rûn wie der grien gers. Hy oerwintere yn Vinlân en gie de folgjende maitiid ([[1001]]) werom nei Grienlân.
 
It plak fan ''Vinland'' is net wis. Guon histoarisy tinke dat it op [[Newfoundland]] lein hat, en dat de Noarske delsetting dy't yn de jierren 60 fûn is yn [[L'Anse aux Meadows]] troch ûndersiker [[Helge Ingstad]] en syn frou, de argeologe Anne Stine Ingstad, Leifsbuðir is. Oaren binne fan betinken dat Vinlân súdliker lein hawwe moat, bygelyks yn [[New England (Feriene Steaten)|Nij -Ingelân]].
 
== Lettere libben ==