Aldskoat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q943332
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 21:
Om [[1200]] hinne wurdt dêr in kleaster stifte by in ienfâldige brêge oer de Tsjonger. [[Melchior de Grutte]] wie it lêste haad fan it kleaster.
 
Nei [[1408]] sprekke se fan ''Old Schooten'', wat letter Aldskoat wurden is. De namme ferwiist nei skoat', in útstekkend stik lân. Fan de [[MidsieuwenMidsiuwen]] ôf wie it doarp it sintrum fan [[Skoatterlân]], hoewol’t it gemeentehûs fan Skoatterlân oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige [[Tsjonger]] dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette.
Oant 1580 stie der ek in hospitaal fan de [[Dútske Oarder]]. De familje [[Schotanus à Steringa]] komt fan Aldskoat. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch ''Skoatteruterbuorren'' neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich as Aldskoat doe wie.
 
Rigel 28:
Fan de bûtenpleatsen grut en lyts [[Feanwyk]] is grut Feanwyk yn [[1901]] ferboud tait steatlike gebou fan de Julia Jan Wouters-stifting. Lyts Feanwyk is yn [[2007]] ôfbrutsen. It [[Woutersberchje]] is der noch.
 
De kearn fan it âlde doarp wurdt foarme troch it krúspunt fan de noard-súd as (Marktwei en Wolvegeasterwei) en de east-westas. Dy lêste bestiet út de yn it westlik gedielte fan it doarp begjinnende ''Peperstraat'' (dy’’ t by de ynfiering fan strjitnammen yn de 50'er jierren fan de [[20e ieuiuw]] by fersin ''Kolfbaan'' neam waaard, in fout dy’t oant no ta altyd noch net wersteld is) en de Skoatterlânskewei (dy’t trochrint oant it doarp [[Donkerbroek]] yn [[Eaststellingwerf]]). Oan de súdkant fan de Peperstrjitte wie in kolfbaan. Dy waard om 1960 hinne beboud mei trije rigen ienfâldige ‘simplexhuzen’.
 
Benammen fytsfabryk [[Batavus]] en fetsmelterij Smilde hawwe in soad wurkgelegenheid jûn.
 
Yn de 50'er jierren fan de 20e ieuiuw ûntstie der tusken Aldskoat en Nijskoat in yndustryterrein en yn dyselde tiid waard Rykswei 32 oanlein, dy’t it doarp krekt eastlik fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke trochsnie. Hielendal yn de geast fan dy tiid waard de âlde doarpskearn mei yngong fan 1 jannewaris 1965 ynlive by it haadplak It Hearrenfean. De bewenners wienen dêr net gelokkich mei, sa bliek ek noch yn [[1996]] doe’t der in grutte aksje wie om de sitewaasje fan foar [[1965]] te werstellen.
Yn [[2003]] krige It Hearrenfean-Súd, sa’t in anneksearre part hiet, dan ek de âlde namme Aldskoat werom.