De Fochtel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Kamp Oranje fuorthelle, komt net yn de tekst foar. Ik wit alinne fan Kamp Oranjekanaal
→‎Kamp Ybenheer: Kamp Oraje wie der wol
Rigel 18:
Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[klokkestuollen yn Fryslân]]. Slûs [[Fochtelerferlaat]] falt geografysk ek ûnder De Fochtel, hoewol't se allinnich troch in fytspaad mei it doarp ferbûn is.
 
== Kamp Ybenheer en kamp Oranje ==
By De Fochtel wie sûnt de jierren tritich fan de [[20e iuw]] in wurkkamp festige yn it ramt fan de [[wurkferskaffing]], it [[Rykswurkkamp Ybenheer]]. Yn [[1942]] waard it in wurkkamp foar manlike [[Joaden|Joadske]] [[twangarbeider]]s. Yn de nacht fan [[2 oktober|2]] op [[3 oktober]] fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei [[kamp Westerbork]] transportearre, en dêrwei nei [[Auschwitz]] en [[Sobibór]]. Nei de oarloch is it kamp brûkt om [[Molukken|Molukse]] [[KNYL]]-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen.<BR> By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober [[2002]] in monumint ûnthuld as neitins oan it kamp. Yn kamp[[Kamp Oranje]] herinnert allinnich it eardere [[appèlplak]] noch oan it kamp.
 
== Kapel ==