Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 21:
Drachten is ûntstien oan 'e east side fan it rivierke 'De Drait'. Om it jier 1200 hinne waard der in lytse stiennen tsjerke set (op it plak fan de hjoeddeiske [[PKN]]-tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke is sa'n 200 jier brûkt, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreau. Dêr ûnstienen [[Noarder Drachten]] en [[Suder Drachten]].
 
Om [[1550]] hinne wie de Hollânske feanreserve op. [[Turf]] wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikulieren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de [[17e ieuiuw]] wie lykwols grutter dan't Fryslân leverje koe.
 
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út [[De Haach]], de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman [[Passchier Hendriks Bolleman]] út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne ornearre wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier mei skippen waard de [[Drachtster Kompanjonsfeart]], de Dwersfeart en guon [[Wyk (sydkanaal)|wiken]] oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan 't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it [[ferfeantsje]]n dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.<br />
It hat oant begjin [[19e ieuiuw]] duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen.<ref>{{Aut|P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red)}}, ''Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.</ref> Om [[1830]] waard der in gemeentehûs set en ferhuzen in soad notabelen fan [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] nei Drachten.
 
Drachten hat nea [[stedsrjochten]] krige, dat it is noch hieltiid in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de [[20e ieuiuw]] hie it plak tsientûzen ynwenners. Yn [[1950]] kaam der in fabryk fan [[Philips]] wêrnei't it tal ynwenners hurd omheech gie.
 
== Religy ==
Rigel 237:
*[http://www.dragten.nl Site mei âlde foto's]
*[http://www.smelneserfskip.nl Webstee Smelne's Erfskip]
*[http://www.dbnl.org/tekst/craa001wand01_01/craa001wand01_01_0006.htm Jacobus Craandijk kuiert yn de omkriten fan 19e ieuskiuwsk Drachten]
---------
<references/>