Putten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Taketa (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 14:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:VrouwtjevanPutten.jpg|200px|thumb|''Razziamonumínt'']]
Yn de akte fan de Fryske edelman [[Folckerus]] (út [[855]]) wurdt foar it earst de namme ''Putten'' neamd. Yn dizze akte wurd guod en lannen oerdroegen oan it kleaster fan Werden (by Essen yn Dútslân), en Putten wurdt ''in vico qui dicetur Puthem'' (as buorskip of doarp) neamd. Putten is, neidat de tsjerke stifte is, in samling buorskippen dy't meiïnoar in tsjerkedoarp foarmje, in situaasje dy't oant de [[10e ieuiuw]] buorret. Dit Tsjerkedoarp beslaat in grut gebiet, dat rint oant [[Nijkerk]] en [[Voorthuizen]]. Pas yn [[1416]] wurde Nijkerk en Voorthuizen ferselsstannige.
 
Putten is dan benammen agrarysk gebiet, wêrby't de measte pleatsen hearre ta it besit fan de kleasters Werden, Elten en Abdinckhof (yn [[Paderborn (stêd)|Paderborn]]). yn [[1559]] draacht it kleaster Werden har besittings oer oan dat fan Abdinckhof, wêrmei't lêstneamd kleaster fierwei de grutste grûneigener wurdt. Oant [[1803]] wurde dizze besittings troch "de Kelnarij" (in rentmaster of ''kellenaar'') bestjoerd. Oan dy perioade bringe yn Putten noch yn it ûnthâld ûnder mear de Kelnarijstrjitte, de Abdinckhofstrjitte en de Paderbornstrjitte.
 
Oan de ein fan de [[16e ieuiuw]] berikt de [[Reformaasje]] Putten, en oant [[1608]] is der in [[roomsk-katolyk]] [[pastoar]] dy't fanút de Pancratiustsjerke wurket. It grutste diel fan de befolking wurdt dan [[protestants]], en mar in lytse roomske kearn bliuwt oer.
 
Ein septimber [[1944]], tsjin de ein fan de [[Twadde Wrâldoarloch]], wurdt troch de ûndergrûnse yn Putten in oanslach plege op in oantal Dútse offisieren. As ferjildingsaksje wurdt in [[razzia]] útfierd troch de [[Wehrmacht]] en de [[Schutzstaffel|SS]] en wurdt in diel fan it sintrum fan it doarp platbaand. Sjoch hjirfoar it artikel [[Razzia fan Putten]].
 
Nei de oarloch is Putten noch altiten foar it grutste part agrarysk gebiet, mar yn de twadde helte fan de [[20e ieuiuw]] wurdt it toerisme en rekreaasje in wichtige ynkomstenboarne. Dêrneist is yn Putten wat yndustry.
 
<gallery>