Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3918893
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
Dizze [[bibleteek]], troch 'en dei de ''PBF'' neamd, wie in provinsjale ynstelling dy't opset waard om ûnder oaren it behear fan twa wichtige boekekolleksjes te fersoargjen, nammentlik de bibleteek fan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en dy fan it [[Hof fan Fryslân]].
 
In opfallend ûnderdiel fan de PBF foarme de Buma-Bibeteek mei in rike kolleksje op it mêd fan de [[Klassike talen|klassike taal]] en [[âldheid]]. De boeken kamen út in troch de provinsje akseptearre legaat fan [[Lieuwe Annes Buma]]. Hjiryn stie ek de ferplichting ta ynstânhâlden fan in iepenbiere bibleteek op it mêd fan de Gryskske en Romeinske taal- en letterkunde. Begjin santiger jierren wienen dat 48000 bannen. De útliening wie frij. It bestjoer lei by Deputearre Steaten fan Fryslân. De oanwinsten waarden twa kear jiers publisearre yn listen mei oanwinsten. De Buma-bibleteek waard yn septimber 1966 ûnderbrocht by de Provinsjale Bibleteek. Yn de njoggentiger jierren fan de [[20e ieuiuw]] waard de kolleksje Fuks oan de bibleteek skonken.
 
De PBF wie in wittenskiplike stúdzjebiblioteek dêr't men telâne koe foar gâns ûnderwerpen: [[taalkunde|taal]]- en letterkunde, (keunst)[[skiednis]], sosjale en rjochtswittenskippen, [[filosofy]] en [[teology]]. Bysûnder omtinken wie der foar de taal, skiednis en kultuer fan de [[Fryske lannen]]. Dêrnjonken bea de Fukskolleksje literatuer oer HebrieuskeHebriuwske/Joadske taal- en letterkunde.
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{EvhhF|Buma-bibliotheek}}