Westermar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Molen17 (oerlis | bydragen)
wikidata
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 5:
Westermar wie tegearre mei oare tsjerkedoarpen [[Nijehaske]], [[Aldehaske]], [[Haskerhoarne]] en [[Sniksweach]] as [[gritenij]] [[Hasker Fiifgea]] de kearn fan de lettere gemeente [[Haskerlân]]. De dêr op in hegre sânrêch stifte [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] [[parochje (tsjerke)|parochje]] wie de earste yn it gebiet. Yn [[1580]] waard de earste [[protestantisme|protestantske]] tsjerke stiften.
 
Yn de [[15e ieuiuw]] ûntstie ten westen fan it doarp de útbuorren De Jouwer. De namme komt ek foar as ''Westermeer'' en ''Westermer''. De Jouwer lei wat ferfier oer wetter en oerlân nei de Súdwesthoeke wat geunstiger as westermar, en waard al gau sa grut dat Westermar yn ferfal rekke. Uteinlik slokte De Jouwer it oarspronklike memmedoarp op yn [[1954]]. De noch besteande midsieuskemidsiuwske tsjerketoer op begraafplak Westermar (it tsjerkegebou waard al yn [[1695]] sloopt) is hjirtroch it âldste bouwurk fan De Jouwer. By de herfarming is de tsjerke net opnij ynrjochte, mar waard preke yn de tsjerke op de Jouwer. Fan tekener [[Cornelis Pronk]] bestiet noch in skildering fan de toer út [[1732]]. Dêrop is ek al te sjen dat de toer wat skean nei it noardwesten stiet. De eardere tagong fan de toer siet oan de westkant, letter kamen der doarren oan de eastkant, wêr't earder de tsjerke stie. Oan de eastkant fan de toer is noch te sjen wêr't de tsjerke oan de toer fêst sitten hat. Yn de toer binne materialen as [[dowestien]], Bremer sânstien en roaswinkels brûkt út de [[13e ieuiuw]], dat kin fan de earste bou wêze, mar ek wol fan lettere restauraasjes.
 
De útdrukking "de rike toer fan Westermar" ûntstie net troch it uterlik fan de toer. De tsjerklike opbringsten wiene hjir mei anneks. De jilden en besittings fan it eardere Earmbestjoer fan de Tsjerkfâdij Westermar binne ûnderbrocht yn de Stifting Westermar. Deze stifting subsidiearret sosjaal-kulturele doelen yn de gemeente Skarsterlân.
 
Neist it begraafplak ferwize no inkeld noch de namme fan in basisskoalle en in nijbouwyk út de jierren '80 fan de [[20e ieuiuw]] mei dêrtrochhinne rinnend de ''Westermarwei'' nei it bestean fan dit doarp.
 
== Sjoch ek ==