Marokko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Syum90 (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "31.223.173.93" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 37:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Marokko begjint as de earste minske har dêr festige om-ende-by 8.000 f. Kr. Op dat stuit hearsket yn dy omkriten in oar klimaat as tsjintwurdich. De earste [[Berbers|Berberfolken]] arrivearren yn 2.000 f. Kr. fan't suden út en sûnt de [[8e ieuiuw f. Kr.]] stiften [[Foenysjers|Foenysyske]] hannelers delsettingen oan de kust. De Foenysjers wreidzje stadichoan harren ynfloed út nei de binnenlannen fan Marokko. Ien fan dy koloanjes wie [[Kartago]], yn it [[Tuneezje]] fan no, dy’t him ûntwikkele ta in ekonomyske macht yn it westlik part fan it [[Midlânske See]] gebiet. De Berberkeninkriken yn it [[Atlasberchtme]] wienen yn mear of mindere mate ûnderhearrich oan harren. Nei de fal fan Kartago waard dizze posysje oernommen troch de [[Romeinen]].
 
Yn [[429]] kaam oan de macht fan de Romeinen ynienen in ein mei de komst fan de [[Fandalen]]. Sy stiften in [[Fandaalske ryk|Fandaalsk keninkryk]] mei as haadstêd Kartago dat mear as hûndert jier yn stân bliuwe soe, mar troch de opfolgers fan de Romeinen, de [[Byzantynske ryk|Byzantinen]] ferneatige waard. Yn [[682]] oermasteren de Arabieren it lân en waard de [[islam]] yntrodusearre. Sawol Arabyske as Berberdynastyën regearden oer Marokko. Ferneamde dynastyën wienen de [[Almoraviden]], de [[Almohaden]] en de [[Meriniden]]. Under de Almoraviden soe 'de Maghreb' foar it earst feriene wurde.
 
Yn [[1415]] waard de stêd [[Ceuta]] troch de [[Portegal|Portegezen]] oermastere. Letter soenen noch mear Marokaanske stêden yn Portegeesk en [[Spanje|Spaansk]] besit komme, mar om 1700 hinne hienen de Marokannen alle stêden sels wer yn hannen. Begjin [[20e ieuiuw]] waard Marokko troch Frankryk en Spanje oermastere dy’t Marokko yn [[1912]] ferparten yn in (grut) Frânsk [[protektoraat]] en in (lyts) Spaansk protektoraat. Dat gong net op stel en sprong, want nei de tiid ûntstean faak opstannen.
 
Op [[2 maart]] [[1956]] waard Marokko ûnôfhinklik fan Frankryk en even letter ek fan Spanje. Marokko waard wer in keninkryk mei [[Mohammed V fan Marokko|Mohammed V]] as kening. Yn [[1976]] foel Marokko de [[Westlike Sahara]] binnen dat sûnt dy tiid troch de Marokannen beset holden wurdt.
Rigel 47:
== Demografy ==
=== Befolking ===
Om-ende-by trijekwart fan de befolking is [[Berbers]], it oare part binne benammen [[Arabieren]]. Eartiids wennen der in soad [[Joaden]] yn Marokko, mar dizze groep is yn 'e rin fan de 20e ieuiuw lytser wurden nei likernôch 7.000 hjoed de dei. Fierders hat Marokko om de 100.000 allochtoanen hinne. Dizze bewenners binne fral [[Frânsen]] en [[Spanje]]rts, wêrfan in soad leararen en technysk kwalifisearre personiel, mar ek pinsjonearden, benammen yn [[Marrakesh]].
 
De befolkingsgroei is yn de [[20e ieuiuw]] acht kear sa grut wurden. Yn 1900 wiene der 3,8 miljoen Marokkanen en yn 2004 29,9 miljoen. Marokko is nei [[Egypte]], [[Sûdan]] en [[Algerije]], it grutste Arabyske lân nei ynwennertal.
 
Neffens de offisjele sifers is 50 prosint fan de befolking analfabeet, mar dat tal moat winliken heger lizze.