Earste Wrâldkriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 92:
 
=== It machtslykwicht ===
Yn it begjin fan de [[20e ieuiuw]] bestie yn Jeropa in wankel machtslykwicht dat troch in oantal foarfallen ûndermine waard:
* It Britske regear besleat om by in Frânsk-Russysk bûngenoatskip oan te sluten. Dat beslút waard stipe troch de eangst dat Dútslân troch syn fleatútwreiding de Britske oermacht op see teneate dwaan koe. Dútslân seach him hjirtroch as slachtoffer fan in tsjin him rjochte gearspanning;
* Dêrop folgen Dútske en Eastenryksk-Hongaarske útdagings oan de Ingelsk-Frânske- Russyske 'Triple [[Entente]]';
* De Dútsers hienen soargen oer hoe rap Ruslân de nederlaach tsjin Japan yn [[1905]] en de dêrop folgjende revolúsjonêre ûnrêst oerkaam;
* Tagelyk bloeiden yn de [[Balkan (skiereilân)|Balkansteaten]] krêftige nasjonalistyske ambysjes op, dêr't men diplomatike stipe by socht by oan de iene kant [[Dútsklân]] en [[Eastenryk]] en oan de oare kant [[Ruslân]]. De Pan-Slavisten woenen Russyske stipe oan de Slavyske folken ûnder Eastenrykske hearskippij. Yn gebieten as [[Sloveenje]], [[Sileezje]] en [[Bohemen]] ûntstie in een sterk Slavysk-nasjonalistysk besef, wat op syn bar eangst en fijânskip by de Dútsers oprôp. De earste pan-Germaanske en [[antisemitisme|antisemityske]] bewegings stutsen de kop op (dat it sie fan it [[nasjonaal-sosjalisme]] waard al yn de 19e ieuiuw siedde);
* Der ûntstie in tsjinréaksje op [[de Ferljochting]] fan de 19e ieuiuw. Oarloch waard troch nasjonalisten, sosjaal-darwinisten, militêren en oare groepen sjoen as "suvering". Troch oarloch soe de sterkste kultuer - de eigen kultuer - oerwinne, en soenen "syktes" as [[feminisme]], [[homoseksualiteit]] en [[frijmitselderij]] útband wurde. Oarloch waard troch guon dus as remeedzje tsjin maatskiplike kwalen sjoen;
* Yn tsjinstelling ta Frankryk en Grut-Brittanje, hie Dútslân kwalik [[koloanje]]s, wat it lân in leger prestiizje joech, yn de eagen fan guon smertlik leger. Ynvestearrings yn de koloanjes smieten net daliks in protte winst op, mar neffens de doe hearskjende opfettings yn Dútslân lei it grutte foardiel yn de behearsking fan de hannelsstreamen en de privilegisearre tagong ta grûnstoffen en ôfsetmerken. De Dútsers sels seagen it as in "efterstân". Dútslân wie de letkommer, oan wa’t gjin "plak ûnder de sinne" gund waard;
* Grut-Brittanje hie neat op mei it Dútske stribjen nei mear koloniale macht, om't dat sjoen waard as in oantaasting fan de Britske macht;
Rigel 112:
[[Ofbyld:Morning a Passchendaele. Frank Hurley.jpg|thumb|280px|It lemieren fan de dei yn de [[Tredde Slach om Ieper]] (12 oktober 1917)]]
It [[Ottomaanske Ryk]] keas yn de earste wrâldkriich de kant van Dútslân, Eastenryk-Hongarije en Itaalje yn de Triple alliânsje. Dit wie foar it Ottomaanske ryk in fatale kar. De Britten seagen fan it begjin ôf al it Ottomaanske ryk as de swakke keat fan de alliânsje. Yn [[1915]] probearren de Ingelsken om’e nocht in direkte oanfal op it Ottomaanske Ryk te dwaan. Omdat dizze mislearre wie, besochten de Ingelsken op in soad oare manieren de Turken út de oarloch te stjitten.
Ien fan dy manieren wie it opstoken fan in revolúsje yn it Ottomaanske ryk. Hjirfoar waard it Arabysk nasjonalisme ekstra oanwakkere. De Arabieren libben nammentlik ûngefear 400 jier sûnder problemen ûnder Ottomaanske ûnderdrukking, oant de jonge Turken dy’t oan’e macht kommen wienen it ieuwenâldeiuwenâlde rezjym oanpasse woene oan de Turkske noarmen en wearden. De Britten fûnen hjiryn in bûnsgenoat yn [[Sharif Hussein Ibn Ali]], de sharif fan [[Mekka]]. In soad tige leauwige moslims leauwe dat hy de wiere erfgenamt fan de profeet [[Mohammed]] is. Dit late ta in Arabyske opstân tsjin de Ottomaanske hearskippij, mei as gefolch de Arabyske ûnôfhinklikheid.
 
Doe’t it Ottomaanske ryk fallen wie, fielden de Arabieren harren ferret, dûbeld ferret. Net allinnich hienen de Ingelsken it Sykes Picot ferdrach ôfsluten. Hjiryn hienen Frankryk en Ingelân ôfsprutsen it [[Midden-Easten]] ûnder Britsk-Frânsk mandaat te stellen. Boppedat hienen de Britten it sionisme oanpuonne troch yn de [[Balfour-declaration]] de joaden in eigen steat te beloovjen yn it hjoeddeiske Palestina. Eartiids wie dit lân it hillige [[Israël]] foar de [[Joaden]]. Yn dy tiid waard it lân troch in soad Arabieren bewenne. De Arabieren rôpen in ûnôfhinklike steat út yn [[Damaskus]]. De Arabieren koenen lykwols net lang tsjin de sterkere Jeropeanen stânhâlde. De Britten en Frânsken namen dus op dit momint de kontrole oer it Midden Easten oer en fierden in weryndieling troch dy’t harren it bêste útkaam.
Rigel 121:
Tagelyk hie de fal fan it Ottomaanske ryk derfoar soarge dat [[Kemal Atatürk]] stikje by bytsje mear ynfloed krige. Hy sette in programma fan modernisaasje en sekularisaasje op. Hy die ôfstân fan it Kalifaat, en hy wie foar de emansipaasje fan de frou. Hy besocht der ek foar te soargjen dat de minsken harren mear westersk klaaien gienen. Hy fûn it trouwens ek belangryk dat der mear Turksk praten waard ynstee fan Arabysk. Neidat it Ottomaanske ryk fallen wie, bleau Turkije derop trochhammerjen in diel fan Jeropa te wêzen, en dat it dêrtroch dus ôfstân dien hie om in diel fan it Midden-Easten te wêzen.
 
In oar kearpunt yn de skiednis fan it Midden-Easten is de ûntdekking fan oalje yn Perzië, [[Saûdy-Araabje]], [[Lybje]] en [[Algerije]]. It kaam derop del dat der yn it Midden-Easten de grutste foarrie maklik tagonklike rûge oalje lei, wat yn de 20e ieuiuw de wichtichste grûnstof wie foar de yndustry. Hoewol’t it westen hast alle oalje eksportearje liet foar de opkommende auto-yndustry, en oare yndustryële ûntwikkelingen. Hjirtroch waarden de Arabyske keningen en emiraten ferskuorrende ryk. Dit soarge derfoar dat, at se oan’e macht bliuwe woenen, se der belang by hienen de westerske hegemony te behâlden.
 
Yn de jierren ’20 en ’30 wienen [[Egypte]], Irak en [[Syrje]] op wei nei ûnôfhinklikens. Hoewol’t Ingelân en Frankryk se net offisjeel ûnôfhinklik ferklearre hie, waard dit harren wol twongen nei de twadde wrâldkriich. Yn Palestina soargen de konflikten tusken Arabysk nasjonalisme en Sionisme foar in sitewaasje dy’t de Ingelsken net ferhelpe koenen en ek koenen se haren hannen der net fan ôflûke. Ek de opkomst fan [[Adolf Hitler]] yn [[Dútslân]] soarge derfoar dat party Joaden stribben nei it hawwen fan in eigen steat yn Palestina. Dit soarge foar in soad alteraasje yn de Arabyske hoeke.
Rigel 187:
* Nije steaten ûnstienen yn Jeropa en it Midden-Easten. Ut dy nije grinzen soenen noch talleaze ynternasjonale konflikten ûntstean;
* Jeropa wie hjirtroch ferswakke. Letter, nei de Twadde Wrâldkriich, soenen de Sovjet-Uny en de Feriene steaten de lieding yn Jeropa oernimme;
* It "ûnskuldige [[De Ferjochting|Ferljochte]] Jeropa" fan de 19e ieuiuw wie ferdwûn. Steaten stelden harren hurd tsjin elkoar op. Dûanetariven waarden ynfierd of ferhege, en yn de jierren '30 devaluearden lannen harren faluta sûnder oerlis mei oare lannen. Net gearwurking, mar wantrouwen en [[antagonisme]] wie it motto. Dit makke de Grutte Krisis dy’t fan 1929 oant de jieren '30 duorre noch slimmer;
* Behalve op steatsnivo hie dit ek op it nivo fan de "gewoane man" syn útwurking. Autoritêre ideologyën as [[kommunisme]] en [[fasisme]] kamen op. Dizze waarden mei fieden troch ferbittere feteranen, dy’t troch harren ûnderfinings psychysk knoeid wienen en net mear yn de maatskippij pasten. Se fûnen harren heil in ferskate knokploegen dy’t har liearden oan politike bewegings. Foarbylden wienen de [[Sturmabteilung|SA]], ''[[Fasci di Combattimento]]'', [[Pijlkruisers]], de [[Izeren Garde]], en de knokploegen fan de KPD (''Kommunischtische Partei Deutschlands''). Reedlike minsken sieten klem tusken dizze beide geweltdiedige fjurren. Yn in soad lannen waard de demokrasy dan ek ferfongen troch in autoritêr rezjym;
* De knokploegen, besteande út dy ferbittere feteranen, fjochten in soad. Mei elkoar, mei matichden, of mei elkenien waens gesicht harren net oanstie, dat makke neat út. In oantal historisy sjocht hjiryn in oarsaak foar de "brutalisearring" fan de maatskippij ("sinleas gewelt");
Rigel 202:
De kriich wurdt ''Earste Wrâldkriich'' neamd omdat it as de earste [[oarloch]] sjoen waard dêr’t lannen "út de hiele wrâld" aktyf of passyf by belutsen wienen.
Hoewol’t letter de folle gruttere [[Twadde Wrâldkriich]] útbruts, wurdt de Earste Wrâldkriich noch hieltyd ek wol de "Grutte Oarloch" neamd, al waard de namme Earste Wrâldkriich al yn [[1920]] troch [[luitenant-kolonel]] Repington brûkt yn syn boek ''The First World War 1914-18''; hy foarseach al dat de Earste Wrâldkriich in twadde útlokje soe.
De namme "Earste Wrâldkriich" is oanfjochtber, omdat de [[Sânjierrige Oarloch (18e ieuiuw)|Sânjierrige oarloch]] yn de [[18e ieuiuw]] al yn [[Jeropa]], [[Amearika (kontinint)|Amearika]] en [[Aazje]] útfochten waard.
 
== Sjoch ek ==