Hokswier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2251837 (translate me)
dy Galema
Rigel 2:
'''Hokswier''' (ek: ''Hoxwier'', ''Hox'' of ''hokse'' betsjut 'hoeke') wie in âlde [[state]] by [[Mantgum]] dy't tusken 1746 en 1748 ôfbrutsen is. De state stie noardeast fan Mantgum. De stins wurdt foar it earst neamd yn de [[15e ieu]]. Trochdat de stins yn in hoeke dy't de [[Middelsee]] mei Mantgum makke stie, krige it syn namme.
 
Yn de [[15e ieu]] wennen der Heringa's op de [[stins]], mar om 1500 wenne der in Aesge Aesges van Hokswier en nei him syn soan Aesge. Aege is troch syn houlik ek eigener fan it Sjaerdema-hûs yn [[Frjentsjer]]. Letter kaam it yn besit fan de famylje Galama út [[Koudum]]. Oer [[Gaele Hartmans Galema|Gaele Galama]] ([[1499]]-[[1559]])<ref>[http://www.genealogieonline.nl/stamboom-griffioen-koster/I70955.php Stamboom Griffioen Jellema Friese Adel » ''Gale Hartmanzn (Galo, Gaele) Galama Toe Coudum'']</ref> is in soad bekend omdat er in deiboek yn it [[Frysk]] skreaun hat.
 
Yn [[1528]] gie de stins nei [[Seerp Galama]]. Der wiene doe in hiem, hof en grêften en singels by it goed. De eigener hie boppedat it aadlike privileezje om de geastliken fan Mantgum te beneamen. Yn de striid tsjin Spanje flechte Seerp in skoft nei [[Emden]]. Syn broer Hartman fan Galama en syn sweager Sjoerd fan Beyma waarden beide yn [[Brussel]] terjochtsteld. Yn 1576 kaam Seerp werom op Hokswier en waard in jier letter [[grytman]] fan [[Barradiel]]. Hy is begroeven yn de tsjerke fan Mantgum.
Rigel 20:
*[http://www.stinseninfriesland.nl/HoxwierState.htm Stinzen yn Fryslân]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
[[Kategory:Mantgum]]
[[Kategory:State]]