Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
→‎omstavere 2015: nije seksje
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 47:
 
Troch de staveringsoanpassing fan de Steatestavering feroarje in tal wurden - sjoch list omstavere wurden - fan skriuwwize. Soene jo jo dêr ek efkes yn ferdjipje - kategory:stavering 2015 - en wêr't jo sokke wurden tsjinkomme dy omstaverje wolle?[[Meidogger:Yn 'e Wâlden|Yn 'e Wâlden]] ([[Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden|talk]]) 12 jan 2015, 10.47 (CET)
:: Dei Kneppelfreed, Yn desimber hawwe de Steaten it beslút naam, mar om't wy hjir wol de helte fan de siden bydel moatte, sille wy dêr wêr't each derop falt de saken "ferbetterje" moatte. As wy dan om 2017 hinne de saken nochris neiswylje, dan tink ik dat wy de Wikipedy wer by de tiid hawwe. Oan de ferskate dialektfoarmen feroaret der neat. Trije begripen dy't derút springe, binne de ieu -> iuw, droech -> drûch (mar net it ûnregelmjittige tiidwurd drage, dy tiidwurden bliuwe gelyk), de tusken 'v' fan televyzje -> telefyzje krekt as dy by ynvalide -> ynfalide (om't fyzje en falide ek selsstannich foarkomme kinne). Under de side Oanpaste Steatestavering stiet in keppeling nei de beskiuwing op de Akademy-side. Ik wurkje sels oan de jiersiden fan 2015 ôf en dan tebek (op dit stuit bin ik by 1771). It is gjin ramp dat der eat sitten bliuwt, mar alles wat by de tiid is, is meinaam.[[Meidogger:Yn 'e Wâlden|Yn 'e Wâlden]] ([[Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden|talk]]) 13 jan 2015, 10.04 (CET)