Skûtsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2391887
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
In '''skûtsje''' is in houten of stielen [[tsjalk]] dy't eartiids boud waard foar it ferfier fan fracht oer it wetter yn [[Fryslân]]. Ofhinklik fan it seizoen waard meastal [[dong]], [[terpierde]], [[ierdappel]]s en oar [[bulkguod]] laden. De skipper en syn famylje wennen ornaris oan board fan it skûtsje.
 
Skûtsjes binne boud fan de [[18e ieuiuw]] ôf oant likernôch [[1930]]. De lingte bedroech 12 oan 20 m. De breedte hie ferbân mei de ôfmjittings fan [[brêge]]n en [[slûs|slûzen]] yn it fargebiet en wie trochstrings 3.5 m, maksimaal in meter as fjouwer. De boaten wienen boud om te silen en hienen oarspronklik gjin motor. Yn de [[20e ieuiuw]], yn de rin fan jierren tweintich en jierren tritich, krigen in soad skûtsjes helpmotoren, mar earst nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waarden de silen ferfongen troch motors. De skûtsjes ferdwûnen as frachtskip fan it wetter doe't de motor-binnenfeartskippen dy't wol hûnderten tonnen lading mei nimme koenen, harren rol oernamen. In soad skûtsjes waarden dêrnei omboud ta wenten op it wetter.
 
In skûtsje ûnderskiedet him fan oare tsjalken omdat it: