Trompet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: es:Trompeta is een goed artikel
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[Ofbyld:Trumpet.jpg|thumb|Trompet]]
De '''trompet''' is in [[koperblaasynstrumint]] wêrby't it lûd ûntstiet troch mei spande lippen yn it mûlestik te blazen. De trompet klinkt frij heech en hat in heldere, trochkringende toan. De ôfstân fan it mûlestik oant de beker is sa'n 50 sintimeter. De lingte fan de buis fariearret lykwols ôfhinklik fan hoe't it ynstrumint stimd is. De buis is foarsjoen fan in trijetal fentilen of - yn it gefal fan in skotrompet (net te betiizjen mei in [[tromboane]]) troch in skúf. De trompet einiget yn in trachterfoarmige beker, lykas by de measte koperblaasynstruminten. De trompet hat fan âlds in silindryske buis dy't in skerpe klank opjout, en dêrom wurdt er by it skerp koper rekkene. Troch de ieuweniuwen hinne binne de mûlepiip (it earste stik nei it mûlestik) en de beker lykwols hieltyd mear koanysk wurden om it ynstrumint makliker bespylber te meitsjen. [[Adolphe Sax]] hat in hiele rige ynstruminten boud, de sakshoarns, dy't de ûntjouwing nei de moderne trompet sterk beynfloede hat.
 
== Gebrûk ==
Rigel 6:
De trompet wurdt yn ferskate muzyksjenres brûkt. Yn de [[klassike muzyk]] komt er bygelyks yn [[symfony]]-orkesten en [[keamermuzyk|keamerorkesten]] foar, mar ek yn lytsere ensembles lykas it koperkwintet, en as solo-ynstrumint. Dêrnjonken wurdt de trompet ek yn de lichte muzyk brûkt, yn de [[jazz]], likegoed as yn de [[bigband]] as yn lytsere formaasjes en yn de [[popmuzyk]]. Bekende foarbylden út de jazz binne [[Miles Davis]], [[Chet Baker]] en [[Louis Armstrong]]. De trompet wurdt ek in soad yn [[harmony]]- en [[fanfare]]-orkesten brûkt. Fierder hat de trompet in wichtich ynstrumint yn it leger west.
 
De meast gongbere trompet yn de jazz, pop en de harmony- en fanfare-orkesten, mar ek yn dweilorkesten, is de Bes-trompet. Yn symfoany-orkesten wurdt - grif yn Nederlân, mar ek yn oare lannen - meast de C-trompet brûkt. Dêrnjonken binne der trompetten yn D, Es, F, G, heech-A en heech-Bes. Oant sawat it begjin fan de [[20e ieuiuw]] wiene der ek trompetten yn A, en leech-F, mar dy binne no allinnich noch yn musea te sjen.
De hjoeddeiske Bes-trompet hat in berik fan de lege Fis oant de hege C in oktaaf ferhege, dus sawat twa-en-in-heal oktaaf. As men de blaastechnyk goed behearsket kin de hichte útwreide wurde, yn fanfare-orkesten is dat lykwols net nedich. Der binne trompettisten dy't noch heger spylje, saneamde 'high-blowers', mar om soks te kinnen moat men in goede blaastechnyk hawwe.
 
== Skiednis ==
Primitive foarrinners fan de trompet bestiene 2000 foar Kristus al. De trompet sil ûntstien wêze, doe't de lju útfûnen dat hja lûd op materialen lykas skelpen of holle buizen meitsje koene. Ien fan de âldste boarnen dy't de trompet neamd, is de [[HebrieuskeHebriuwske Bibel]]. Dêr wurdt praat oer bazunen of silveren trompetten fan sa'n 50 sintimeter lang. Dy trompetten wiene net folle mear as in rjochte buis dy't op 'e ein op in trachter útrûn. De [[Egypte|Egyptners]] hiene lyksoartige trompetten, dêr't de trompetten fan [[Toetanchamon]] in foarbyld fan binne.
 
De [[Romeinen]] hiene trije soarten trompetten:
Rigel 17:
* De ''cornu'' wie in lange buis dy't hielendal rûn bûgd wie, in bytsje yn de foarm as de haadletter G. Ek dy rûn op in beker út.
 
Yn de [[midsieuwenmidsiuwen]] wie de trompet yn it westen fan [[Jeropa]] útstoarn. De [[krúsfarders]] kamen lykwols yn de kunde mei de islamityske wrâld, dy't de trompet wol koe. De [[Sarasenen]] brûkten him yn it leger, wêrby't de hege ofsieren elk in lyts orkest hene dat û.o. út trompetten bestie.
Yn dy tiid wiene de foarm fan de trompet - sawat lykas de tuba fan de Romeinen - en it mûlestik en de blaastechnyk noch net sa goed, dat der koene net mear as sa'n fjouwer natuertoanen spile wurde. De trompet hie syn plak oan de foarstehôven en letter ek yn de stêden, it earst yn [[Itaalje]], want benammen rike [[hannelsstêden]] woene de pracht en praal fan de foarstehôven neidwaan.
 
Rigel 33:
It earst wurkjende fentyl waard troch [[Heinrich Stölzel]] yn [[1815]] útfûn en it fentyl sa't wy dat no kenne troch [[François Perinet]] yn [[1839]]. It fentyl waard benammen tapast op de [[kornet]]. It is net rjocht dúdlik wa't earder wie, Heinrich Stölzel of [[Friedrich Blühmel]]. Tegearre krigen se yn [[1818]] in [[patint]]. De earste fentilen wiene nammers net rûn mar fjouwerkant en waarden makke troch [[Friedrich Wilhelm Schuster]].
 
De trompet moat net betize wurde mei de [[kornet]], dy't der wol wat op liket. Dat lêste ynstrumint hat in oare skiednis: it stamt ôf fan de [[posthoarn]]. It ferskil is benammen dat de kornet folle koanysker is: de diameter fan de buis fan it mûlestik ôf smeller, en hat dêrtroch in grutter ferrin. De kornet is ek kompakter boud, mei rommere bochten as de trompet. Yn de [[20e ieuiuw]] moast de kornet stadichoan wer plak meitsje foar de fentyltrompet. Op dit stuit (2007) makket de trompet wer in hichtepunt troch. It ynstrumint wurdt in soad brûkt yn de jazz en ek wurde der solostikken foar skreaun troch klassike [[komponist]]en. Bygelyks troch [[Hindemith]], [[André Jolivet|Jolivet]] en [[Henze]]. Alinnich yn in [[brassband]] slacht de kornet foar master op: dêr spylje gjin trompetten yn.
 
Om't de trompet no op ferskate wizen yn de muzyk brûkt wurdt, is it saak om de klank fan it ynstrumint oanpasse te kinnen. Dêrfoar hat de trompettist ferskate dimpers ta syn beskikking.