Musikology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 51 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q164204
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
'''Muzikology''' of '''muzykwittenskip''' is de [[wittenskip]]like stúdzje fan [[muzyk]] op [[universitêr]] nivo. Dêrby komt it sels praktisearjend muzisearjen net oan bar, it lêze kinnen fan muzyk[[partituer]]en dêrfoaroer al. Fierwei de measte studinten ha dan ek in [[muzikale foarming]] efter de rêch. Guon kombinearje muzikology ek mei [[konservatoarium]]. Muzikology beëaget ûnder oaren de stúdzje fan de [[muzykskiednis]] en fan de [[muzykteory]] (ûnder oare [[harmony]] en [[kontrapunt]] út ferskate perioades). Ek de analize fan partitueren is in wichtich aspekt. Dêrneist hat muzikology ek omtinken foar [[sosjale]], [[psychology]]ske, en [[technology]]ske aspekten fan it muzykbelibjen. Dêrby stiet de muzyk as [[klank]] sintraal.
Yn 't earstoan, dat is sa, wie de muzikology benammen rjochte op it ''rêden út it ferjitboek'' fan âlde masters (lykas bygelyks [[Antonio Vivaldi]] en it skriuwen fan romantisearre [[biografy]]en; yn de rin fan de [[20e ieuiuw]] krige de muzikology in echt wittenskiplike status. Wichtige persoanen yn de opgong fan de muzikology as wittenskiplike dissipline binne [[Carl Dahlhaus]] en [[Helga de la Motte]].
 
It wichtichst muzikologysk neislachwurk oer [[klassike muzyk]] is ''the New Grove Dictionary of Music and Musicians''. Der is ek in [[Dútsk]]e tsjinhinger, de MGG (''Musik in Geschichte und Gegenwart'').