Seist: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 41:
Benammen ôfskriften út de rjochterlike argiven joegen al ier ferwizings nei de delsetting Seist. (Op in kaart út 1541 stiet it eardere kastiel, dat destiids noch mar in [[donjon]] wie.) Op 27 oktober 1536 lieten de Steaten fan Utert in list opstelle fan huzen, dy't as [[ridderhofstêd|ridderhofstêden]] erkend waarden en dus doe noch yn te ferdigenjende steat wiene. Op dy list kaam ek "Dat huys te Zeyst" foar.
 
De kearn fan de delsetting wie by de hjoeddeiske (1e en 2e) Doarpsstrjitte. Hjir ferriisde oan de ein fan de [[12e ieuiuw]] in tsjerke, wêrfan de toer no diel útmakket fan de fierder út de [[19e ieuiuw]] datearende Herfoarme tsjerke. Flak lâns de Doarpsstritte soe oant yn de MidsieuwenMidsiuwen in sydearm fan wat no de [[Kromme Ryn]] hjit streamd hawwe, dy't úteinlik tichtslibbe. By it doarp waarden ek trije ridderhofstêden boud: it al neamde Hûs te Seist, en [[Kersbergen]] en [[Blikkenburg]].
 
De ûntwikkeling van Seist waard tige beynfloede troch de bou fan [[Slot Seist]] (1677-1686), dêr't tsjintwurdich geregeld eksposysjes hâlden wurde fan moderne keunstners. Yn 1746 stiften leden fan de [[Evangelyske Broedergemeente]] in delsetting yn Seist, wat resultearre yn de gebouwen dy't no oan it [[Bruorreplein]] en it [[Susterplein]] steane.
Rigel 47:
Oan de Utertske Bovenweg stiet [[kastiel 't Kerckebosch]] dat as hotel fan de Bilderberggroep brûkt wurdt.
 
Yn de 19e ieuiuw kaam Seist yn trek as wenplak foar de riken en waarden talleaze bûtens oanlein, lykas ''Sparrenheuvel'', ''Lenteleven'', ''Ma Retraite'' en ''Molenbosch''. Benammen yn de [[20e ieuiuw]] waarden guons hjirfan foar wenningbou sloopt of ferkavele. Tagelyk kamen der nije "moderne" gebouwen by, lykas it gebou fan de [[Provinsjale Utertse Elektrisiteits Maatskippij|PUEM]] boud yn 1931 [[Amsterdamske Skoalle (boustyl)|Amsterdamske Skoalle]] en ek De Nije Muzykskoalle fan de hân fan [[Gerrit Rietveld]] boud yn 1932; beide lizzend oan de Utertse Wei. Dat dit net sûnder slach of stjit gie, blykt út neifolgjend sitaat : ''B. en W. hebben gelijk in het bestrijden van de [[Nije Saaklikheid]] omdat het primitieve probeersels zijn van Barbaarse volksstammen''.
 
== Wiken en buerten==