Ferskil tusken ferzjes fan "Wetterskip Fryslân"

L
+wapen
L (+kaart)
L (+wapen)
[[File:Fryslân waterschapswapen.svg|thumb|left|150px|<small>It wapen fan Wetterskip Fryslân</small>]]
[[Ofbyld:2014-Waterschappen-1250.png|thumb|260px|<small>Kaart mei de Nederlânske wetterskippen (2014). Nûmer 2 is it Wetterskip Fryslân</small>]]
It '''Wetterskip Fryslân''' is in [[wetterskip]] yn [[Fryslân]]. It hat de noed foar alle diken yn en om de provinsje en is dêrneist ferantwurdlik foar it kwantitative en kwalitative behear fan it [[oerflaktewetter]] yn hast hiel Fryslân en in stik fan it Grinslanner [[Westerkertier]]. De organisaasje sit yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
=== Untstean ===
[[Image:Frisia Occidentalis Blaeu 1630.jpg|thumb|260px|Fryslân yn 1630]]
Fan de [[10e ieu]] ôf waard yn Nederlân op grutte skaal [[feanterij|ferfeante]] om te foarsjen yn it branjeferlet fan in sûnt dy tiid sterk tanimmende befolking. Hjirby bleau in legere boaiem oer, wat noch fuortsterke waard troch [[ynklinken]] fan it oerbleaune fean. Dêrtroch ûntstie behoefte ta gearwurking om it lân tsjin de see te beskermjen en it wetter doelmjittich ôf te fieren. Ek yn Fryslân ûntwikkele de stewaasje him sa. Yn it earstoan wie wetterbehear dêr in ferantwurdlikheid fan de [[gritenij]]en, mar sûnt de Midsieuwen ûntstienen mei dat doel selsstannige organisaasjes, dy’t har letter ta wetterskippen ûntwikkelen. De earste foarrinder fan in wetterskip waard yn [[1680]] troch de [[Steaten fan Fryslân]] ynsteld. Dizze saneamde ''seedykkontribúsje'' moast tasjen op de beskerming tsjin de see fan de by [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] lizzende [[Tjaard fan Aylvapolder]]. Oant 1815 ûntstienen yn Fryslân yn totaal tsien seedykkontribúsjes, sirka 55 [[polder]]s en trettjin [[droechmakkerij]]en.