Ferpyldering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 2:
 
== Pylders yn de maatskippij ==
'Ferpyldering' is in begryp dat ûnder oaren yn [[Nederlân]] en [[Belgje]] brûkt wurdt, mar it model kin ek op in soad oare lannen tapast wurde. It doel fan de ferpyldering is om in tige ferdielde mienskip, sa as yn it Nederlân fan yn de earste helte fan de [[20e ieuiuw]], by inoar te hâlden. Dit barde hjir oan de iene kant troch in beskate foarm fan skieding tusken de befolkingsgroepen, oan de oare kant troch gearwurking fan de elites oan de top. De skieding waard stâl jûn trochdat eltse ''pylder'' syn eigen [[tsjerke (leawensmienskip)|tsjerke]], [[omrop]], [[krante]], stânsorganisaasje, [[fakbûn]], [[politike partij]], [[wenningbouferiening]], [[scouting]]groep, [[ûnderwiis|skoallen]], [[sikehûs]], sportferienings en sels winkels en bedriuwen hie. Foar mids [[20e ieuiuw]] wie dizze situaasje sa frappant, dat bygelyks guon Nederlânske winkelbedriuwen in foarkar foar personiel fan in beskate tsjerke hienen. Dit late ta grutte kulturele ferskillen, net alline yn de stêden, mar ek op parten fan it plattelân, risseltearjend yn it hiele befolkingskloften dy't neist elkoar libben sûnder in protte kontakt te hawwen. Tagelyk waard troch it ferpylderingssysteem oan de iene kant, mar it wol gearwurkjen oan de top oan de oare kant, ek in soad maatskiplike spanning foarkaam.
 
Yn de [[19e ieuiuw]] wie der al in oanset ta ferpyldering makke mei de [[emansipaasje]] fan de katoliken en grifformearden. In hichtepunt waard berikt by de diskusje om it [[algemien kiesrjocht]] en de saneamde [[skoallestriid]], dy't harren beslach krige yn de jierren om 1917 hinne. Begjin 20e ieuiuw ferrûn ek de ûntjouwing fan de moderne sûnenssoarch en de sosjale wenningbou meast fia linen fan ferpyldering.
 
==Nederlânske situaasje==