Bradford: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 53 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q22905 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 27:
Bradford hat tegearre mei it 14 km fierderop lizzende [[Leeds]] in lofthaven.
 
Histoarysk is Bradford part fan de [[West Riding of Yorkshire]]. Bradford waard yn de [[19e ieuiuw]] in sintrum fan ynternasjonaal belang foar de tekstylyndustry, benammen wat it ferwurkjen fan [[wol]] oanbelage. Yn de tiid fan de [[Yndustriële Revolúsje]] groeide it plak rap (''boomtown''), hearde it by de earste [[Yndustrialisaasje|yndustrialisearre]] stêden yn de wrâld en waard it rillegau de "wool capital of the world".<ref>[http://www.visitbradford.com/leisure-attractions/history-of-bradfory of Bradford'' op visitbradford.com; 2008-04-23]</ref> Yn de omkriten genôch stienkoal, izer en wetter foar hannen ta foldwaan fan Bradford syn fabriken. Meidat de tekstylyndustry bot groeide, naam ek de befolking eksplosyf ta. Stipe troch dy ûnjouwings waard der in soad ynvestearre yn stedsûntwikkeling. De Fiktoriaanske arsjitektuer, mei as goed foarbyld it stedh^s, tsjûget der noch fan.
 
Mids [[20e ieuiuw]] rekke de tekstylsektor yn ferfal. Sûnt moat de ekonomy fan Bradford it meast hawwe fan it toerisme. It Nasjonaal Mediamuseum en de Cartwright Hall lûke in soad minsken. Dochs hat Bradford te krijen mei deselde útdagings as oare Noard-Ingelske stêden yn it post-yndustriële tiidrek, ûntyndustrialisearring, húsfestingsproblemen, sosjale ûnrêst en tanimmende earmoed. Bradford wurdt ek wol sjoen as in skoalfoarbyld fan 'neist elkoar libjende mienskippen' (''paralel communities''), dêr't de befolkingsgroepen troch etnyske-, kulturele- en religieuze grinzen út elkoar hâlden wurde.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] krige de stêd in soad ymmigranten út [[Poalen]] en [[Oekraïne]] en yn de jierren '50 ek út [[Banglades]], [[Yndia]] en benammen út [[Pakistan]].