Jiddu Krishnamurti: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 44 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q179266
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 4:
 
== Jeugd ==
Krishnamurti waard op [[12 maaie]] [[1895]] berne yn Madanapalle, in lyts stedsje yn Súd-Yndia tichteby Madras. As it achtste bern fan in Brahminfamylje en in jonge, waard hy Krishnamurti neamd, in earbetoan oan Sri Krishna, in [[hindoeïsme|hindû]]-godlikheid dy't ek in achtste berne wie. Syn heit wurke op it haadkertier fan de [[Teosofyske Ferieniging]] en doe't Krishnamurti âlve jier âld wie, waard hy ûntdutsen troch [[C.W. Leadbeater]] fan de "Theosophical Society". Dizze beweging wie populêr yn de earste desennia fan de tweintichste ieuiuw, en wie in ynternasjonale organisaasje dy't him dwaande hâlde mei ferbettering fan de minskheid fia [[teology]] en [[filosofy]]. De organisaasje waard laat troch [[Annie Besant]], in [[Feriene Keninkryk|Ingelske]] parlemintaarjer, skriuwster en [[Feminisme|feministe]].
 
Noch yn datselde jier waarden Kristnamurti en syn jongere broer Nitya tawiisd oan Annie Besant en úteinlik waard har de fâdij oer de jongens tawiisd. Hjirnei waard Kristnamurti troch de teosofyske beweging ''De Oarder fan de Stjer yn it Easten'' oer de hiele wrâld promoate as de nije wrâldlearaar, dêr't by sein waard dat yn him de ynkarnaasje werom te sjen wie fan de [[Maitreya Bodhisattva]].
 
== Ynfloed as wraldlearaar ==
Yn 1922 gong Krishnamurti nei [[Kalifornje]] te wenjen, yn Ojai Valley. Under in ikenbeam spruts hy ynformeel mei minsken dy't troch syn ideeën oanlutsen waarden. Neigeraden de jierren ferstriken kamen hieltyd mear minsken op syn jierlikse iepenlofttaspraken ôf. Dizze gearkomsten soenen syn hiele libben trochgean. Ek yn Nederlân, by [[Ommen]] wienen gearkomsten. Yn 1929 bruts Krishnamurti mei de organisaasje dy't him sponsere. Dernei woeks er út ta ien fan de learmasters fan kwizekwânsje fan de [[20e ieuiuw]]. Hy ferwurp net allinnich alle bannen mei organisearre religys, mar ûntkende likegoed syn eigen spirituele gesach. Hy reizge de hiele wrâld oer, mar ferwurp alle bannen mei lannen, nasjonaliteiten en kultueren. Oeral spruts er en joech lêzings, mar woe gjin jild hawwe foar syn wurk.
 
De lêzings fan Jiddu Krishnamurti binne fêstlein yn in grut tal boeken en films. Der is in organisaasje dy't syn namme draacht en dy't him dwaande hâldt mei it byinoar sammeljen, argivearjen en útjaan fan syn wurken. Sûnt 1990, fjouwer jier nei syn dea, is syn wurk, ferdield oer fyftich boeken, oersetten yn sânenfjirtich talen. Mei dêrtroch is syn ynfloed oer de hiele wrâld fielber.