Paraguay: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "5.57.251.188" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Addbot".
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 35:
Eartiids waard it gebiet fan it tsjintwurdige Paraguay bewenne troch [[Yndianen|Yndianestammen]]. Nei de ûntdekking fan it kontinint troch [[Kolumbus]] waard it suden yn [[1527]] ferkend troch de ûntdekkingsreizger [[Sebastiaan Cabot]]. Tsien jier letter stifte [[Domingo de Irala]] [[Asunción]] dat yn distiid haadstêd is. En tusken [[1609]] en om-ende-by 1760 waard de skiednis fan it lân foar in grut part bepaald troch it fan [[Jezuïeten]] laat ynstitút fan de 'Reducties' dat benammen rjochte wie op de beskerming en de ûntwikkeling fan fan de lânseigen [[Guaranys]].
 
Doe't Súd-Amearika begjin [[19e ieuiuw]] har ôfskiede fan it [[Spanje|Spaanske]] memmelân, hearde Paraguay in skofke by [[Argentynje]], mar yn [[1811]] makke Asunción har los fan Buenos Aires en waard it in selsstannich lân. It lân rekke lykwols yn de ban fan diktators en de kriich tsjin [[Brazylje]] yn [[1864]], Argentynje en Bolivia yn [[1865]] koste it lân 5/6 fan har befolking. Revolúsjes soargen derfoar dat it lân mar net herstelle koe.
 
Yn de [[20e ieuiuw]] moast Paraguay nei in konflikt mei Bolivia (1932-1936) trije fearns fan it omstriden [[Gran Chaco]] oerjaan. De kriich hie fan gefolgen dat totalitêre ideeën hieltyd mear de oerhân krigen en by de ferkiezings fan [[1954]] kaam generaal [[Alfredo Stroessner]] as ienige kandidaat oan de macht. Stroessner hold oant-en-mei [[1989]] it bewâld. Sûnttiids binne der, min of te mear, frije presidintsferkiezings.
 
== Demografy ==