Horror: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 1:
[[File:Paul Gustave Dore Raven1.jpg|right|thumb|200px|In yllústraasje fan [[Edgar Allan Poe|Poe]] syn ''[[The Raven]]'', troch [[Gustave Doré]].]]
'''''Horror''''' (fan it [[Ingelsk]]e, oarspronklik út it [[Latynsk]] ôfkomstige wurd foar "ferskrikking" of "ôfgriis") is in sjenre yn 'e [[literatuer]] en [[film]] wêrby't it de bedoeling fan 'e [[skriuwer]] of [[regisseur]] is om 'e lêzers/sjoggers bang of kjel te meitsjen en gefoelens fan eangstme en/of ôfgriis by har op te roppen troch in grizelige sfear te skeppen. Horror kin boppenatuerlike eleminten of wêzens befetsje (lykas [[fampier]]en, [[spoekspûk]]en of [[somby]]s), mar dat hoecht net, want in geastlik steurde [[searjemoardner]], om mar in foarbyld te neamen, kin sûnder beswier deselde rol ferfolje. As der al boppenatuerlike eleminten yn it ferhaal foarkomme, skoarret horror dêrmei hiel deun oan tsjin in oar sjenre, nammentlik [[fantasy (sjenre)|fantasy]]. Gauris kin de ferskrikking dy't it mulpunt fan in horrorwurk foarmet, ynterpretearre wurde as in [[metafoar]] foar de bredere eangstmen fan in maatskippij as gehiel.
 
==Skiednis==
De woartels fan 'e horror geane werom op [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] folksferhalen, [[mearke]]s en [[religy|religieuze]] tradysjes dy't har rjochten op 'e [[dea]], it hjirneimels, it kwea en [[demon|demoanen]]. Dêryn kamen boppenatuerlike wêzens foar as [[heks]]en, [[fampier]]en, [[wearwolf|wearwolven]], [[mummy]]s, [[somby]]s en [[spoekspûk]]en. De [[Goatyske roman]] fan 'e [[achttjinde ieuiuw]] griep werom op dy boarnen, mar geat se yn in nije foarm. It wichtichste foarbyld fan dy iere horror is de [[roman]] ''Castle of Otranto'', fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] skriuwer [[Horace Walpole]], út [[1764]]. By de earste edysje dêrfan waard beard dat dat in wiere MidsieuskeMidsiuwske roman út [[Itaalje]] wie dy't ûntdutsen en oerset wie troch in fiktive wittenskipper. Doe't de wierheid oan it ljocht kaam, fûnen de measte minsken it in [[anagronisme|anagronistysk]] wurk of gewoan wansmaaklik. Likegoed waard ''Castle of Otranto'' tige populêr.
[[File:Dracula 1931.jpg|left|thumb|220px|In byld út 'e [[film]] ''Dracula'', út [[1931]].]]
 
Oare Goatyske romans folgen, lykas ''Vathek'' ([[1786]]) fan [[William Beckford]], ''The Mysteries of Udolpho'' ([[1794]]) fan [[Ann Radcliffe]], en ''The Monk'' ([[1797]]) fan [[Matthew Lewis]]. In grut diel fan 'e horror út dy perioade waard skreaun troch froulju foar froulju, mei as wichtichste senario in fernimstige jonge heldinne dy't hjitfolge waard yn in nearzich kastiel. Underwilens wie yn [[Dútslân]] in soartgelikens sjenre, dat fan 'e ''[[Räuber- und Schauerroman]]'' yn 'e moade rekke, wylst de horror yn 'e Ingelske literatuer oersloech fan [[proaza]] nei [[poëzij]] mei de saneamde ''[[graveyard poem]]s''.
 
Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] ûntjoech de Goatyske roman him ta it moderne horrorsjenre, mei ferneamde wurken as ''Frankenstein'' ([[1818]]) fan [[Mary Shelley]], ''[[The Pit and the Pendulum]]'' ([[1842]]) en ''[[The Raven]]'' ([[1845]]) fan [[Edgar Allan Poe]], ''The Strange Case of Dr. Jekyll and Mr Hyde'' ([[1886]]) fan [[Robert Louis Stevenson]], ''The Picture of Dorian Gray'' ([[1890]]) fan [[Oscar Wilde]], en ''Dracula'' ([[1897]]) fan [[Bram Stoker]]. Tsjin 'e ein fan 'e ieuiuw late de fermannichfâldiging fan goedkeape pulpbledsjes ta in wiere eksploazje yn it horrorsjenre. Ynfloedrike skriuwers út it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] wiene û.m. [[H.P. Lovecraft]], dy't mei syn ''Cthulhu Mythos'' in pionier wie fan it subsjenre fan 'e [[kosmyske horror]], en [[M.R. James]], dy't it [[spoekferhaalspûkferhaal]] in nije foarm joech.
 
De [[film]]yndustry liet him frijwol daliks ynspirearje troch de horrorliteratuer, sadat der al ier horrorfilms makke waarden. Lykwols wiene dy betide horrorfilms fanneeds mar frijwat amateuristysk, en pas fan 'e sechtiger jierren ôf koene de films de literatuer yn grizeligens belykje, mei de saneamde ''[[slasherfilm|slasher]]''- en ''[[splatterfilm]]s''. Tsjintwurdich is [[Stephen King]] ien fan 'e bekendste horrorskriuwers, mei wurken as ''Carrie'', ''The Shining'', ''It'', ''Misery'' en withoefolle oaren. Oare populêre horrorskriuwers binne [[Dean Koontz]], [[Brian Lumley]], [[James Herbert]], [[Clive Barker]], [[Ramsy Campbell]] en [[Peter Straub]]. Wylst de filmyndustry horror gauris kombinearret mei humor, lykas yn 'e ''[[Scream (filmsearje)|Scream]]''-filmrige, wurdt horror yn 'e literatuer no ek faak fermongen mei oare sjenres, lykas mei ''[[urban fantasy]]'' yn 'e boeken fan [[Carrie Vaughn]], en mei [[eroatyske literatuer]] yn 'e Goatyske romans fan [[Anne Rice]].