Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 14:
 
<!--[[Ofbyld:Bekker.jpg|left|thumbTitelblêd fan ''De betoverde weereld'']]-->
Yn [[1691]] skreau Bekker in bestseller: ''De betoverde weereld'' (''De betsjoende wrâld''). Hjiryn fersette hy him krêftich tsjin de bul, útfeardige troch [[Paus Innosentsius VIII]] en it bestean fan [[tsjoenster]]s, [[spoekspûk]]en en [[duvel]]s. Hy luts tsjin it idee fan [[besetenheid]] troch de duvel fan lear - ôfkomstich fan [[Plato (filosoof)|Plato]] en [[Hippokrates]] - in destiids revolúsjonêre gedachte. Ek it bestean fan de duvel sels luts hy yn twifel. [[Tsjoenderij]] wie foar Bekker in ûnútputlike boarne fan humor en spot. Nei de ferskining fan it boek stie de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] te skodzjen op har grûnfêsten. Yn twa moannen tiid waarden 4.000 eksimplaren ferkocht. Der ferskynden twahûndert boeken en pamfletten, wêrfan trije yn it [[Latyn]]. Yn 1693 ferskynde in Dútske, yn 1694 in Frânske en yn 1695 in Ingelske oersetting.
 
Syn opfettings brochten him yn konflikt mei tsjerklike autoriteiten. It waard him ûnmooglik makke te preekjen. Bekker waard yn 1692 útsluten fan it [[Jûnsmiel]] en ôfsetten as predikant. Hy hold syn traktemint, wierskynlik krige hy beskerming fan de boargemasters [[Nicolaes Witsen]] en [[Johannes Hudde]]. [[Erich Walten]], in út [[Hamm]] ôfkomstige studint en masterlik pamfletskriuwer, ferdigene him, mar ek [[Romeyn de Hooghe]]. Walten waard opsluten yn de [[Finzenenoarte (Den Haach)|Finzenpoarte]] yn Den Haach en plege mooglik selsmoard. Bekker wenne in oantal jierren by syn soan op de Hinnemastate, wat ten easten fan [[Jelsum]]. Balthasar Bekker besocht noch in pear kear om talitten te wurden ta it jûnsmiel, yn Jelsum en yn Weesp.
Rigel 20:
Balthasar stoar yn Amsterdam, mar leit begroeven yn it famyljegrêf fan syn twadde frou Froukje yn Jelsum. Mei har bruorren Bernardus en Franciscus Fullenius, resp. heechlearaar wiskunde, [[lânmjitkunde]] en festingbou oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] en boargemaster fan Frjentsjer dielde Bekker in soad ynteresses. [[Johannes Henricus Bekker|Johannes Hendricus]], syn soan, skreau in boekje oer it stjerbêd fan syn heit, dy't oan de [[pleuris]] stoar. Nei oanlieding fan syn dea ferskynde in bitend grêfskrift, út it Frânsk oersetten: ''Om de duivel te vergeten, Balthasar, zo moet je weten, dat ik, in plat Hollands, zeg: Bekker, houd je bakhuis weg.'' (''Om de duvel te jitten, Balthasar, sa moasto witte, dat ik, yn plat Hollânsk, sis: Bekker, hâld dyn bakhûs wei.'')
 
''De betoverde weereld'' hat mear as in ieuiuw de geasten dwaande hâlden. It wurk joech de oanset ta de ôfskaffing fan de hekseferfolgingen. Net minder hat Bekker deroan bydroegen dat men de bewenners fan de dolhuzen net as besetenen, mar as siken beskôge. Yn 2002 is der fan him in stânbyld setten yn de buorren fan [[Mitselwier]].
 
== Literatuer ==
* Beskriuwing fan de reis troch de Feriene Nederlannen, Ingelân en Frankryk yn it jier 1683. Bekker, Balthasar / Fryske Akademy / 1998
* ''Brief aan sijn excellentie, de heer [[hertog van Portland|graaf van Portland]], &c. &c. Rakende de persoon en het gevoelen van dr. B. Bekker, en 't geen tegen hem, by eenige van sijn partyen, word verwagt, en uytgestrooyd, ten opsigte van sijn koninglijke majesteyt van Groot Britanjen. Waar in ook, neffens de absoluyte onmogelijkheyd, van dat de geesten, sonder eerst door den Schepper met lichamen te zyn gepaard, souden kunnen werken op malkanderen, of ook op lichamen, te gelijk word bewesen, hoe dat Adam en Eva, op en in gevolge van de begeerte ... hebben kunnen vallen en sondigen ... Walten, Ericus / Gedrukt voor den auteur. En te bekomen, in 's Gravenhage, by Meyndert Uytwerf ... / 1692''
* {{aut|Evenhuis, R.B.}} (1971) ''Ook dat was Amsterdam, deel III''. De tsjerke fan de herfoarming yn de twadde helt fan de [[17e ieuiuw]]: neibloei en ynsinking, side 258-305.
* {{aut|Jonathan I. Israel}} (1995) ''The Dutch Republic. Its Rise, Greatness, and Fall, 1477-1806'', side 895, 925-30
* {{aut|Sluis, Jacob van}} (1994) ''Bekkeriana: Balthasar Bekker biografisch en bibliografisch'' - mei wiidweidige biografy oer Bekker oant 1994.
Rigel 39:
*[http://www.stinseninfriesland.nl/HinnemaStateJelsum.htm Oer Balthasar Bekker op Hinnemastate yn Jelsum]
*[http://www.dbnl.org/tekst/molh003nieu01_01/molh003nieu01_01_0531.htm Biografy by de DBNL]
'''In ferhaal oer byleauwe yn de 17e ieuiuw, troch Bekker oanhelle yn syn wurk:'''
* [http://www.angelfire.com/vt/sneuper/AnnavanEzumazijl.htm Dwylsinnige Anna fan Iezumasyl]