Roald Amundsen: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
red
(red)
(red)
== Jonge jierren ==
Amundsen wie de jongste fan fjouwer bern, alle fjouwer jonges, fan Jens Amundsen en Hanna Henrikke Gustava Sahlquist, berne ta in famylje fan begoedige skipfarders. Nei't er de boeken fan de noardpoalreizger [[John Franklin]] lêzen hie, besleat Roald dat hy ek poalreizger wurde woe. Hy waard dêr noch wisser fan doe't er derby wie doe't [[Fridtjof Nansen]] yn [[1888]] weromkaam fan de oerstek oer [[Grienlân]].
[[Ofbyld:TerraNova2.png|thumb|left|''Kaart mei de rûtes nei de poal fan'' Scott & Amundsen, ''mei plak en datum fan Scott's dea'']]
 
Amundsen begûn yn [[1890]] mei in stúdzje medisinen yn [[Kristiania]], mar nei't Nansen yn [[1892]] besocht hie mei de ''[[Fram]]'' de Noardpoal te berikken, hâlde Amundsen op mei de stúdzje en waard er definityf poalreizger.
== Earste ekspedysjes ==
Yn [[1896]] trof Amundsen [[Adrien de Gerlache]], doe't dy dwaande wie in skip te keapjen dêr't er mei nei [[Antarktika]] woe, en sa waard Amundsen part fan de Belgyske Antarktyske Ekspedysje (1897-1899). It skip, de ''Belgica'', waard yn [[1898]] it earste skip dat op [[Antarktika]] oerwintere. Ek oan board op dy tocht wie de [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] dokter [[Frederick Cook]].
[[Ofbyld:TerraNova2.png|thumb|left|''Kaart mei de rûtes nei de poal fan'' Scott & Amundsen, ''mei plak en datum fan Scott's dea'']]
 
Yn [[1902]] helle Amundsen syn brevet as grutskipper, en al yn [[1903]] late Amundsen syn earste ekspedysje, om te dwaan wat John Franklin net slagge wie: de [[Noardwestlike trochfeart]] fine. Twa winters bleaunen se op [[Kening Willemeilân]], noardwestlik fan de Hudsonbaai, dêr't Amundsen ek it plak dat de [[magnetyske noardpoal]] doe hie fêststelde. Hy learde ek folle oer it libben yn de snie fan de pleatslike befolking, de [[Inuit]]. Ein [[1905]] kaam it skip yn de [[Stille Oseaan]] út, mar troch de winter duorret it oant de maitiid fan [[1906]] oant it skip út it iis kaam.