Ferskil tusken ferzjes fan "Virginia Woolf"

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
omstavere 2015
(omstavere 2015)
'''Virginia Woolf''', berne as '''Adeline Virginia Stephen''' ([[Londen]], [[25 jannewaris]] [[1882]] – [[Lewes]] ([[Susseks (Ingelân)|Susseks]]), [[28 maart]] [[1941]]) wie in [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwer|skriuwster]] en [[Feminisme|feministe]]. Tusken de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] en de [[Twadde Wrâldkriich]] wie Woolf in wichtich persoan yn it literêre fermidden fan Londen. Sy wie lid fan de [[Bloomsburygroep]].
 
Woolf wurdt beskôge as ien fan de grutste en meast fernijende Ingelske skriuwers fan de [[20e ieuiuw]]. Sy eksperimintearre yn har wurk mei de ''[[stream of consciousness]]''-technyk; de ferskûle psychologyske en emoasjonele motiven fan har karakters; en de ferskate mooglikheden fan in tebroazele fertelstruktuer en [[gronology]].
 
By har meast ferneamde wurk binne de romans ''Mrs Dalloway'' (1925), ''To the Lighthouse'' (1927) en ''Orlando: A Biography'' (1928), en ek it mânske essee ''A Room of One's Own'' (1929), mei dêryn it ferneamde sizzen: 'In frou moat sels jild en wenromte hawwe at sy fiksje skriuwe sil'.
10.424

bewurkings