Napoleon Bonaparte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
red
Rigel 3:
'''Napoleon Bonaparte''' ([[15 augustus]] [[1769]] – [[5 maaie]] [[1821]]) wie in generaal fan de [[Frânske Revolúsje]] en wie de liedsman fan [[Frankryk]] as Earste Konsul fan de Frânske Republyk fan [[11 novimber]] [[1799]] oant en mei [[18 maaie]] [[1804]] en dêrnei as [[Keizer]] fan de Frânsen en [[Kening (titel)|Kening]] fan [[Itaalje]] ûnder de namme Napoleon I fan [[18 maaie]] [[1804]] oant [[6 april]] [[1814]], en noch in kear fan [[20 maart]] oant [[22 juny]] yn [[1815]]. Napoleon wurdt beskôge as in militêr sjeny, en is ferneamd fan it lieden fan in grut tal súksesfolle kampanjes, hoewol't der ek in pear spektakulêre mislearrings tusken sieten.
 
Napoleon Bonaparte waard berne yn [[AjakkoAjaccio]] op it eilân [[Korsika]] en stamme út in laach fan patrisjers. Hy gong yn it leger en waard op [[1785]] artilleryluitnant. By it belis fan [[Toulon]] ûnderskiede hy him en waard brigadegeneraal (1794). Yn oktober 1795 krige hy opdracht fan de [[Konvinsje]] om in royalistyske opstân del te slaan by [[Parys]]. Dat die er mei súkses en yn maart 1796 waard er befoardere ta de rang fan oerbefelhawwer fan it leger dat tsjin [[Itaalje]] fjochtsje moast. Yn Itaalje helle hy grutte súksessen; yn 1797 waard de foar Frankryk geunstige [[Frede fan Campoformio]] sletten. In dêrop folgjende ekspedysje fan him tsjin [[Egypte]] mislearre lykwols; op [[1 augustus]] [[1798]] waard de Frânske float by Aboekir troch [[Horatio Nelson|Nelson]] ferneatige. By it útbrekken fan de ''[[Twadde Koalisjekriich]]'' kearde Napoleon werom nei Frankryk. Troch de steatsgreep fan [[9 novimber]] [[1799]] brocht hy it Directoire-regear ten fal. Yn de nije regearing waard Napoleon earste konsul foar 10 jier en wie doe feitlik autokraat.
 
Yn de rin fan krekt mear as 10 jier bemachtige er de kontrôle oar it grutste part fan west en sintraal [[Jeropa]] troch oerweldiging en troch ferdragen te sluten, oant syn nederlaach yn de [[Slach by Leipzig]] yn oktober [[1813]]. In pear moanne letter waard er ôfset en finzen set op it eilân [[Elba]]. In 10 moanne letter kaam er wer oan de macht, dizze tiid stiet bekend as de [[Hûndert Dagen]]. Hy waard úteinlik ferslein yn de [[Slach by Waterloo]] yn [[Belgje]] op [[18 juny]] [[1815]]. Koart dêrnei waard er opnij finzen naam troch de Ingelsen en waard der ferballe nei it eilân [[Sint-Helena (eilân)|Sint -Helena]], dêr't er yn 1821 stoarn is.
 
{{DEFAULTSORT:Bonaparte, Napoleon}}