Soesterberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1025080
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 17:
Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] waarden op '[[Kamp fan Zeist]]' inkele tsientûzenen Belgen opfongen dy't troch de oarloch út harren lân flechte wienen. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard de fleanbasis Soesterberg oanmerke as [[NAVO]]-basis (Camp New Amsterdam), en sûnt [[1954]] waarden hjir Amerikanen stasjonearre mei harren famylje.
 
Yn [[1973]] waard de provinsjale wei Amersfoort-Utert om de doarpskearn hinne laat. It âldste stikje Soesterberg ferdwûn doe't yn [[1980]] it, wyls yngripend ferboude, Huis ten Halve ôfbaarnde. Yn it begjin fan de jierren tachtich fan de [[20e ieuiuw]] waard de autosnelwei [[Rykswei 28|A28]] iepene. lâns de súdkant fan Soesterberg. Nei de ein fan de [[Kâlde Oarloch]] fertrokken yn [[1994]] de Amerikanen, dy't wyls in eigen wenwyk (Apollo) krigen hiene. Yn in gedielte fan '[[Kamp fan Zeist]]' waard it [[Militêre Loftfeart Museum]] húsfêste, en yn in oar gedielte waard ein foarrige ieuiuw tydlik ik Skotsk gerjochtshof fêstige foar de berjochting fan minsken yn ferbân mei de [[Lockerbie-oanslach|Lockerbie]]-saak. Yn [[2003]] waard dat lêste gedielte ferboud ta in tydlike finzenis, dêr't ûnder mear '[[bolsjeslokker]]s' detinearre wurde.
 
== Underwiis ==