Hampshire: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 57 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q23204 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 8:
Hampshire is geologysk yn twaën te dielen. it kustgebiet yn it suden bestiet foar it measte part út net-[[eroazje|erodearre]] [[eoseen]] en [[oligoseen]] [[klaai]] en [[grind]], dy't troch it [[Eilân Purbeck]], it [[Eilân Wight]] en [[Dorset]] foar eroazje troch seewetter bewarre bliuwe. Dizze leechlizzende gebieten binne in gaadlik plak foar [[heide (fegetaasje)|heidelânskip]] en [[bosk]]en. It boskige súd-westen fan Hampshire is as [[nasjonaal park]] ''[[New Forest]]'' in beskerme gebiet, dêr't it getijderivierke [[Beaulieu (rivier)|Beaulieu]] streamt.
 
It noarden en de sintrale dielen fan it greefskip besteane út de [[kalkstien]]formaasje fan de [[Salisbury Plain]] en de [[South Downs]]. De lêsten binne relatyf hege [[hichte (geology)|heuvels]] dy't de grins foarmje tuslen it kalkstienplato en de klaaigrûn. De [[Pilot Hill]] is mei 286 meter it heechste punt fan Hampshire. It grutste part fan it greefskip is ûngeskikt foar it [[lânbou|bouwen]] fan gewaaks, mar de tanimmende fraach nei fiedsel oan it begjin fan de [[20e ieuiuw]] hat der ta laat dat de [[primêre sektor|agrikulturele sektor]] groeide. It easten fan Hampshire is no beskerme tsjin fierdere skea troch yntensive lânbou, sûnt it oanwiisd is as ''Area of Outstanding Natural Beauty''.
 
It klimaat yn Hampshire is mylder as trochstrings op de [[Grut-Brittanje|Britske eilannen]] it gefal is, mei in trochsneed fan 1541 sinne-oeren en 870 [[millimeter|mm]] rein yn't jier.