Ferskil tusken ferzjes fan "Qin Shi Huang"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
omstavere 2015
L (Robot: ja:始皇帝 is een goed artikel)
(omstavere 2015)
[[Ofbyld:Xian guerreros terracota general.JPG|300px|thumb|''It opgroeven terrakottaleger, it grêf sels fan Kwin Shi Huangdy waard noch net eksploitearre.'']]
Doe't Kwin Shi Huang oan de macht kaam begûn hy al gau mei it bouwen fan syn lêste rêstplak.
Yn it jier 1974 fûnen boeren, dy't in put groeven, in [[terrakotta]]soldaat. By fierdere opgravings kamen tûzenen soldaten en hynders foar it ljocht, in heul leger dat blykber bedoeld wie om de keizer te beselskipjen yn syn ûnstjerlikheid. Dat wie de grutste argeologyske fûnst fan de [[20e ieuiuw]] yn Sina.
 
Hjoed de dei binne der hast 8000 figueren opgroeven yn trije ûndergrûnske hallen. Fuotfolk, krúsbôgesjitters, ruters mei weinen en hyns; allegear stienen se opsteld as foar in fjildslach. Se binne tusken de 1,60 m en 1,80 m grut. Se hawwe allegear ferskate skaaimerken. Guons steane, oaren sitte knibbbele mei spande pylk-en-bôge, lykas't se harren warden tsjin de oanslach. Guons drage in harnas en oaren drage in unifoarm. De wapens dy't se drage binne echt en de haadtugen fan de hyns binne makke fan brûns. De soldaten wienen earder grif skildere yn heldere kleuren, mar nei 2000 jier wacht hâlden binne de kleuren ferbleke of ferdwûn.
10.424

bewurkings