Urk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Coat_of_arms_of_Urk.gif ferfange troch Coat_of_arms_of_Urk.png (troch GifTagger om't: Replacing GIF by exact PNG duplicate.).
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 22:
'''Urk''' is in plak en gemeente yn de [[Noardeastpolder]], provinsje [[Flevolân]]. Der wenje likernôch 19.500 minsken (1 maaie 2014) op in oerflak fan sa’n 11,52 km², hjirmei is Urk de lytste gemeente fan Flevolân.
 
Urk wie oant [[1939]], doe’t de dyk mei [[De Lemmer]] ôfboud waard, in eilân yn de [[Iselmar]], en foar [[1932]] in eilân yn de âlde [[Sudersee]]. Yn [[1942]] waard de Noardeastepolder droechdrûch makke, mar foar de bewenners fan Urk libbet it eilângefoel noch hieltyd. De minsken wenje dan ek net yn Urk, mar op Urk.
 
It dialekt fan Urk, it [[Urkersk]], is in tige libbend dialekt en wykt bot ôf fan oare dialekten yn de omkriten. Urk hat syn eigen folksliet, it [[Urker Folksliet]]. It wurdt benammen songen by [[Keninginnedei]] en oar offisjeel barren.
Rigel 38:
[[Almere (mar)|Almere]] wie yn dy tiid in binnenmar of –see op it plak dêr’t no de Iselmar en Flevolân lizze.
 
Lykas by oare isolearre befolkingsgroepen it gefal wie, waarden ek oan de Urkers ferskate karaktereigenskippen takend. Dizzen rûnen útien fan gastfrijheid en in grut gefoel foar eigenwearde oant koppichheid en ûndissiplinearre, taai en fêsthâlden wêze. Dizze lêste karaktereigenskippen wurde ûndersteund trochdat de ynwenners fan Urk yn de ôfrinne ieuweniuwen in protte rampen en feroarings fan de leefomstannichheden meimakke ha.
 
Al sûnt de [[10e ieuiuw]] moat der bewenning west hawwe op Urk. It wie doe eigendom fan it Sint-Pantaleonskleaster yn Keulen. Yn de [[13e ieuiuw]] kaam Urk yn hannen fan de greven fan [[Hollân]] en noch wer letter foel it ûnder it gesach fan de boargemaster fan [[Inkhuzen]]. Yn [[1660]] krige de gemeente [[Amsterdam]] it gesach oer Urk. Amsterdam krige sa mear macht oer de hannel, Urk lei midden yn de Sudersee en alle skippen farden by Urk del, op wei nei Amsterdam. It eilân hat oant [[1792]] fan Amsterdam west.
 
[[Ofbyld:Urk harbor.jpg|thumb|right|250px|''De haven fan Urk.'']]
Rigel 55:
 
=== Leauwe ===
Urk is ien fan de meast tsjerklike mienskippen fan [[Nederlân]]. It is in tige sletten mienskip. Urk wie fan âlds in bolwurk fan de [[Reformearre Tsjerke]] en de [[Anty-Revolúsjonêre Partij]] (yn [[1980]] opgien yn it [[CDA]]). Sûnt de jierren ’70 fan de [[20e ieuiuw]] is benammen de posysje fan it [[Kristlik Reformearre Tsjerke]] tige groeid en is de [[Steatkundich Grifformearde Partij|SGP]] de grutste partij yn Urk wurden.
 
=== It besjen wurdich ===