Sahel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 6:
 
== Geografy ==
[[Ofbyld:Senegal dry wet 540.jpg|thumb|left|250px|''In foto fan in stik lân yn Senegal. Lofts it lân yn it droegedrûge seizoen, rjochts yn it wiete seizoen.'']]
 
De Sahel rint fan east nei west, oer it hiele Afrikaanske wrâlddiel. Yn it westen wurdt it begrinzge troch de Atlantyske Oseaan en yn it easten troch de de Reade See, it hat in langte fan 3.862 kilometer. De breedte feroaret fan inkele hûnderten kilometer oant tûzen kilometer. It totale oerflak is sa’n 3.053.200 kante kilometer.
Rigel 41:
[[Ofbyld:Sahel forest near Kayes Mali.jpg|thumb|right|250px|''Bosk yn de Sahel yn Maly.'']]
 
De Sahel is foar it meastepart bedekt mei gerslân en savanne, mei gebieten fan [[bosk]] en [[beamkeguod]]. Gers komt hast oeral yn it gebiet foar, gerssoarten as ''Cenchrus biflorus'', ''Schoenefeldia gracilis'' en ''Aristida stipoides'' groeie der. Akasia beammen komme in protte foar, mei de ''Acacia tortilis'' as measte, tegearre mei ''Acacia senegal'' en ''Acacia laeta''. Oare beamsoarten binne ''Commiphora africana'', ''Balanites aegyptiaca'', ''Faidherbia albida'' en ''Boscia senegalensis''. Yn de noardlike kriten komme it woastine beamkeguod foar, mei stikken gerslân en savanne. Yn it droegedrûge seizoen falle by in soad beammen it blêd ôf en giet it gers dea.
 
De Sahel is it thús fan grutte populaasjes fan grutte gersiters, wêrûnder de [[hoarn-antilope]], guon soarten [[gazelle]]n, tegearre mei inkelde Afrikaanske rôfbisten, lykas de [[Afrikaanske wylde hûn]], it [[jachtluipaard]] en de [[liuw]]. De populaasjes fan de grutte bistesoarten binne yn de rin fan de tiid bot ôfnaam troch de jacht en kompetysje mei it fee fan de boeren. Guon soarten wurde bedriigd of bin al útstoarn.
Rigel 50:
De earsten bewizen fan planten dy’t foar it buorkjen plante waarden yn de Sahel komme fan om 5000 foar Kristus, doe waarden kafferkoaren en rys plante. Om de selde dy’t, en yn deselde regio, waard it [[pearelhúnder]] tam makke.
 
Om 4000 foar Kristus waard it klimaat yn de Sahel en de Sahara yn rap tempo droegerdrûger. Dizze klimaat feroaring soarge derfoar dat marren en rivieren lytser en smeller waarden, wêrtroch it ferwoastinings proses op gong kaam. Hjirtroch waard it lân dêr’t op buorke wurde koe hieltyd lytser, dat der kaam in migraasje op gong fan boeremienskippen dy’t ferfarden nei [[West Afrika]].
 
== Nomaden ==
[[Ofbyld:Azawakh 52 jd.jpg|thumb|left|250px|''Sahelfolk mei harren hûnen en fee.'']]
 
Fan âlds út hat de Sahel it gebiet west dêr’t [[nomaden]] yn libben. Se buorken en hienen fee en ferhúzen yn it reinseizoen nei it noarden en yn it droegeredrûgere seizoen nei it suden. Nei alle gedachten is it de bêste manear fan libben yn de Sahel, ek foar it behâld fan de natuer. It ferskil tusken it noarden en it suden yn fegetaasje is dat it droegedrûge noarden in mear foedsumere boaiem hat, wylst it suden wieter is. Sa yn it droegedrûge seizoen waard der ferhuze nei plakken wêr’t in soad te iten wie, mar dat net tige foedsum wie. Yn it wiete seizoen gie it folk nei it noarden, wêr’t mear foedsumer iten wie.
 
Dizze manear fan libben komt hieltyd minder foar. Minsken gienen harren mei de tiid mear op ien plak setten, dit hat de reden west fan ferskate konflikten mei nomaden yn it gebiet.
Rigel 62:
De [[Sahelske keninkriken]] binne in ferskaat oan keninkriken west dy’t harren yn de Sahel setten hienen. De keninkriken krigen harren rykdom troch de hannelsrûtes troch de Sahel te kontrolearje. De macht kaam fan in grut pak oan bisten as [[kameel|kamelen]] en [[hynder]]s dy’t hurd genôch koenen om in grut keninkryk ûnder kontrôle te hâlde, ek waarden se ynset foar fjildslaggen. Al dizze keninkriken wienen desintralisearre, ferskate steden hienen sels in protte te sizzen, yn de foarm fan selsbestjoer. De earste grutte keninkriken fan de Sahel ûntstienen nei 750, mei ferskate grutte stêden by de rivier de Niger, wêrûnder Timbûktû, Gao en Djenné.
 
== DroechteDrûchte ==
Yn [[1914]] hat der in grutte droechtedrûchte west yn de Sahel, de jierlikse reinen wienen net bot genôch, dat der ûntstie in krapte oan wetter. Yn de sechtiger jierren fan de [[20e ieuiuw]] foel der in soad wetter, wêrtroch de noardlike parten fan de Sahel tagonkliker waarden. Minsken ferhuzen nei it noarden, ek ûndersteund troch de regearingen fan de lannen. Mar mei it útbrekken fan in lange droegedrûge perioade, tusken [[1968]] en [[1974]], wie it net mear mooglik om dêr te wenjen. Grutte stikken fan it lân rekken ferlitten. Lykas yn 1914 ûntstie der in krapte oan wetter, mar dat waard no, foar in doel, opfong troch de ynternasjonale mienskip. Dizze situaasje let ta de stifting fan de [[Ynternasjonale Fûns foar lânbou-ûntwikkeling]].
 
== Keppelings om utens ==