Ferskil tusken ferzjes fan "Madrid"

Gjin feroaring yn grutte ,  7 jier lyn
omstavere 2015
(+ Ynfoboks)
(omstavere 2015)
Madrid waard foar it earst yn de skiednis neamd yn [[939]] doe't [[Ramiro II]], kening fan Leon, de [[Moaren]] harren wenplak (Marjit) ôfhandich makken. Yn [[1038]] folge it foarfêst ferdriuwen fan de Moaren troch kening [[Alfonso VI]] út de krite. [[Filips II fan Spanje|Filips II]] makke Madrid yn [[1561]] haadstêd fan it Spanje en brocht syn hofhâlding oer út Toledo. Yn de [[Spaanske suksesjeoarloch]] keas de stêd de side fan de [[Bourbons]]. Op [[2 maaie]] [[1808]] kaam de befolking yn opstân tsjin de [[Frankryk|Frânske]] troepen ûnder [[Murat]] en joech dêrmei it sein ta it ferset tsjin de [[Napoleon|Napolitaanske]] oerhearsking. De opstân waard op 3 maaie bluodderich delslein.
 
Yn de tweintiger jierren fan de [[20e ieuiuw]] waakse it ynwennertal fan Madrid boppe de 1 miljoen minsken. Mânske stêdsútwreiding wie noadich sadat eardere doarpen as Carabanchel, Chamartín de la Rosa, Fuencarral en Vicálvaro oan de stêd 'fêstboud' kamen te sitten. Ek waard der in grut tal nij wiken konstruearre. Tagelyk waard de ferkearslachieder Gran Vía iepene, dy't it ferkear yn de binnenstêd ûntlêste moast en ek waard de [[metro fan Madrid]] oanlein. Under de [[Spaanske Boargeroarloch]] waard de stêd swier bombardearre en besketten troch de troepen fan [[Francisco Franco|Franco]].
 
Op [[11 maart]] [[2004]] waard Madrid troch in terroristyske oanslach rekke. Dy dei ûntploften ferskillende treinbommen yn de moarnsspits. Mear as 190 minsken kamen by dy oanslach om it libben en 1700 rekken dêrby ferwûne.
10.424

bewurkings