Begraffenisgebrûk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Headlines start with three "=" - Headlines end with colon (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 5:
Sûnt [[1828]], doe't it begraven yn de tsjerke ferbean waard, bart it begraven op it tsjerkhôf yn de rige en op it nûmer dat de famylje takomt. De nûmers oan de tsjerkemuorre of op pealtsjes moatte betizing foarkomme. Eartiids kamen de deaden yn it grêf dat oan de beurt wie. Riken en earmen, in hear en syn feint kamen njonken elkoar te lizzen. Fgl. it opskrift ([[1591]]) oan de noardmuorre fan de tsjerke yn [[Wommels]] dat oerien komt mei it opskrift yn [[Pilsum]] yn [[East-Fryslân]].
 
Yn de [[20e ieuiuw]] fersoarget in feriening mear en mear de begraffenis. Hjir en dêr foel it noch ûnder de buorreplicht. Nearne bestiet dan mear de situaasje lykas bygelyks yn [[1811]] op [[It Amelân]] dat buorlju de oansizzing dogge en ek 'hâlden binne it lyk te ûntklaaien en te kistkjen, it lieden te dwaan, it grêf te meitsjen en it lyk te begraven'. De begraffenisgebrûken ferlieze hurd harren karakter en grutte. It [[kloklieden]], de gong nei it tsjerkhôf en it beierdigjen moatte neamd wurde. Hjir en dêr wurde de klokken let om in stjergefal te melden (it belieden) mar wol op in fêste tiid fan de dei en nei geslacht of leeftyd ferskillend wat doer en folchoarder fan de klokken betreft. It lieden by de begraffenis, dat begjint sa gau at de staasje yn it sicht fan de toer is of sa gau (as men yn in lokaal gearkomt) de bier mei de kiste opnomd wurdt, is algemien. De klokken swije faak by it beierdigjen, mar wurde wer let as de roustaasje oan de weromreis begjint. As de lêste begraffenisgonger fan it tsjerkhôf ôf is (resp. is de lêste frou -de froulju rinne efteroan- út it sicht fan de kloklieders) dan stoppet it lieden foargoed.
 
Faak bestie de lykstaasje út de lykkoets en 'it leedfolk' rinnend efter de wein. Meastentiids rinne de manlju foarop en komme de froulju yn de twadde groep. Ek de skieding troud en net-troud waard wol oanholden. It âlde 'reinkleed' wurdt net mear droegen en ek de wale is ferdwûn. Yn gruttere plakken folgen op de koets de auto's mei famylje en lju dy't útnoegeútnûge wiene wylst oare belangstellenden rinnende folgen yn de wênstige folchoarder. Allinnich yn de grutte stêden samlen alle genoadigden en belangstellenden har op it hôf.
Nei de oarloch wie de begraffenis meastentiids om 1 of 2 oere middeis, mar deaberne of jonge bern wurde om 4 oere of jûns (6 of 7 oere) begroeven, wêrby't dan allinnich de manlju meigeane. Faak wurdt der trije kear om it tsjerkhôf rûn. Nei de plechtichheid komt men gear yn it stjerhûs of in lokaal, mar net mear foar it leedmiel (yn de [[17e ieuiuw]] faak in bealgerij), mar om tee te drinken, wêrby't faak [[soeskreakel]]s presintearre wurde.
 
== Sjoch ek ==