Frâns Ferdinand fan Eastenryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Franz Ferdinand fan Eastenryk to Frâns Ferdinand fan Eastenryk: fr
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Franzferdinand.jpg|thumb|''Aartshartoch FransFrâns Ferdinand (rjochts) mei famylje]]
'''FransFrâns Ferdinand''' (Dútsk: ''Franz Ferdinand'') ([[Graz]], [[18 july]] [[1863]] – [[Sarajevo]], [[28 juny]] [[1914]]), [[aartshartoch]] fan [[Eastenryk-Este]], wie kroanprins fan [[Keizerryk Eastenryk|Eastenryk]]. Hy wie de soan fan aartshartoch [[Karel Loadewyk fan Eastenryk]] en [[Maria Annunciata fan Bourbon-Sisylje]]. Hy wie in neef fan keizer [[FransFrâns JozefJoazef I fan Eastenryk|FransFrâns Jozef IJoazef]] en waard nei de selsmoard fan kroanprins [[Kroanprins Rudolf fan Eastenryk|Rudolf]] en nei de dea fan syn heit troanopfolger fan [[Eastenryk-Hongarije]]. Hy wie in kâld, hurd en despoatysk man. Hy glimke hast net, hie in typyske kâlde stoarjende blik en rûn oerdreaun eptich.
 
Hy samle antyk en hie in roazetún. Syn grutste leafhawwerij wie lykwols de jacht. Op jacht mei de Dútske keizer [[Wilhelm II fan Dútslân|Wilhelm II]] skeat hy ris 59 swinen en wie dûm dat de sechtichste him ûntkomd wie. Syn rol by de jacht wie benammen it oerheljen fan de trekker út in stoel wei. Personiel dreau de bisten by him foarby, wylst oaren de kadavers ôffierden en wer oaren laden [[gewear]]en oanrikten. Yn it jachtslot [[Konopiste|Konopište]] by [[Benesov|Benešov]] yn [[Tsjechje]], dêr't hy in grut part fan syn libben tahâlde, binne op de muorren fan in soad fertrekken nog altiten tûzenen krekt dokumintearre jachttrofeeën fan oer de heule wrâld te sjen. Dêrûnder ek de opsette kop fan it earste bist dat syn dochter skeat, doe't hja twa jier wie.
 
FransFrâns Ferdinand boaske op [[1 july]] [[1900]] ûnder syn stân mei grevinne [[Sofie Chotek]]. De keizerlike famylje stie it houlik pas ta neidat oerienkomd wie dat Sofie gjin keninklike status krije soe en eventuele bern gjin oanspraak op de troan meitsje soene (in [[morganatysk houlik]]). FransFrâns JozefJoazef wie net by it houlik.
 
Op [[28 juny]] [[1914]] waard hy yn [[Sarajevo]] ([[Bosnje en Herzegovina]]) mei in [[FN Model 1910]]-pistoal deasketten troch [[Gavrilo Princip]], wylst hy in rûnrit makke yn in [[Gräf & Stift]] (sjoch ek: [[moard op FransFrâns Ferdinand]]). De oanslach wie nei alle gedachten beraamd troch De Swarte Hân, in geheime nasjonalistyske [[Servje|Servyske]] groepearring. 28 juny is as tinkdei fan de [[Slach op it Merelfjild]] in spesjale dei foar de Súd-Slaven. Nei oanlieding fan dizze moard ferklearre Eastenryk de oarloch oan [[Servje]]. Dizze barrens waarden brûkt as oanlieding ta de [[Earste Wrâldoarloch]], al leine de oarsaken dêrfan earne oars.
 
== Bern ==
FransFrâns Ferdinand en Sofie krigen trije bern:
* [[Sofie fan Hohenberg|Sofie]] (1901-1990)
* [[Maksimiliaan fan Hohenberg|Maksimiliaan]] (1902-1962)
* [[Ernst fan Hohenberg|Ernst]] (1904-1954)
 
{{CommonscatCommonsBalke|Archduke Franz Ferdinand of Austria}}
 
{{DEFAULTSORT:Frans Ferdinand}}
[[Kategory:Eastenryk]]
[[Kategory:Eastenrykske adel]]
[[Kategory:Aartshartoch fan Eastenryk]]
[[Kategory:Eastenryksk generaal]]
[[Kategory:Eastenryksk admiraal]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach]]
[[Kategory:Eastenryksk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Eastenryksk persoan fan Italjaansk komôf]]
[[Kategory:Eastenryksk persoan fan Spaansk komôf]]
[[Kategory:Persoan fan Napolitaansk komôf]]
[[Kategory:Earste Wrâldkriich]]