Ferskil tusken ferzjes fan "Fenezuëla"

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
omstavere 2015
L (Robot: ro:Venezuela is een goed artikel; tekstwiziging)
(omstavere 2015)
De kust fan it tsjintwurdige Fenezuëla waard yn [[1498]] troch [[Kristoffer Kolumbus]] ûntdutsen en fierders ûndersocht yn [[1499]] troch [[Ojeda]] en [[Vespucci]]. Dizze lêsten joegen it nije gebiet har namme ''Fenezuëla'' wat ''Lyts [[Feneesje (stêd)|Feneesje]]'' ynhâldt. Fan [[1520]] ôf festigen de [[Spanje]]rts harren en wie it in Spaanske kloanje.
 
Yn Fenzuëla waard goud fûn en foar de ûntginning fan de goudminen hellen de Spanjers [[Negerslaven]] út [[Afrika]]. Yn de rin fan de [[18e ieuiuw]] waard ek begûn mie it yn kultuer bringen fan de grûn en ferbouden [[kofje]], [[kakao]] en [[indigo]]. Yn [[1811]] waard ûnder lieding fan [[Francisco de Miranda]] de ûnôfhinklikheid útroppen, mar pas yn [[1821]] koe de Fenezolaanske frijheidstrider [[Simon de Bolivar]] de Spanjerts foarfêst ferslaan. Yn [[1829]] makke Fenezuëla har los fan [[Kolombia]] en waard in aparte republyk mei [[José Antonio Paez]] as
earste presidint.
 
In grut part fan de [[19e ieuiuw|19e]] en [[20e ieuiuw]] waard karakterisearre troch politike ynstabiliteit, [[diktatuer|diktoriaal bewâld]], en revolúsjonêre ûnrêst. Neidat de militêren harren yn [[1958]] werom lutsen út de nasjonale polityk, sette in nij tiidrek útein mei in demokratysk keazen bestjoer. Yn 1992 fûn in mislearre [[steatsgreep]] plak, dy't troch [[Hugo Chávez]] organisearre wie. Hy waard finzen set, mar krige al gau syn frijheid wer. Yn [[1998]] waarden nije ferkiezingens holden dy't troch Chávez wûn waarden.
 
== Demografy ==
[[Ofbyld:Venezuela.jpg|270px|thumb|De oarspronklike bewenners oan de (west)kust fan Fenezuëla.]]
Fenezuëla hat in grut ferskaat oan bewenners. De earste bewenners binne de [[Yndianen]]. It grutste part fan de befolking bestiet tsjintwurdich út [[Mestys|Mestizos]]; ôfstammelingen fan [[Spanje|Spaanske]] kolonisten en Yndianen. Fierders hat Fenezuëla ek in grutte befolkingsgroep dy't ôfstammet fan de eardere negerslaven. Dizze groepen krigen tidens ymmigraasjeweagen yn de [[20e ieuiuw]] selskip fan [[Itaalje|Italianen]], [[Portegal|Portugezen]], [[Dútslân|Dútsers]] en oaren.
Fan de totale befolking is 69% fan mingd (Jeropeesk-Yndiaanske komôf), 20% Jeropeesk, 9% Afrikaansk, 2% Yndiaansk. Oantal ynwenners 26 miljoen.(2007)
 
10.424

bewurkings