Wetterskip Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +wapen
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
It hjoeddeiske Wetterskip Fryslân waard yn 2004 foarme, mar hat in skiednis dy’t al yn de [[midsieuwenmidsiuwen]] begjint.
 
=== Untstean ===
[[Image:Frisia Occidentalis Blaeu 1630.jpg|thumb|260px|Fryslân yn 1630]]
Fan de [[10e ieuiuw]] ôf waard yn Nederlân op grutte skaal [[feanterij|ferfeante]] om te foarsjen yn it branjeferlet fan in sûnt dy tiid sterk tanimmende befolking. Hjirby bleau in legere boaiem oer, wat noch fuortsterke waard troch [[ynklinken]] fan it oerbleaune fean. Dêrtroch ûntstie behoefte ta gearwurking om it lân tsjin de see te beskermjen en it wetter doelmjittich ôf te fieren. Ek yn Fryslân ûntwikkele de stewaasje him sa. Yn it earstoan wie wetterbehear dêr in ferantwurdlikheid fan de [[gritenij]]en, mar sûnt de MidsieuwenMidsiuwen ûntstienen mei dat doel selsstannige organisaasjes, dy’t har letter ta wetterskippen ûntwikkelen. De earste foarrinder fan in wetterskip waard yn [[1680]] troch de [[Steaten fan Fryslân]] ynsteld. Dizze saneamde ''seedykkontribúsje'' moast tasjen op de beskerming tsjin de see fan de by [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] lizzende [[Tjaard fan Aylvapolder]]. Oant 1815 ûntstienen yn Fryslân yn totaal tsien seedykkontribúsjes, sirka 55 [[polder]]s en trettjin [[droechmakkerijdrûchmakkerij]]en.
 
=== Dykwetterskippen ===
Rigel 14:
 
=== Feanpolders ===
Neist de seewarrende wetterskippen ûntstienen yn Fryslân ek [[binnendyks]]e wetterskippen. Dêrta hearden de saneamde [[feanpolder]]s. Dizzen kamen healwei de [[19e ieuiuw]] ta stân as in gefolch fan de wize wêrop yn dy tiid ferfeante waard. Troch it ôfgraven fan [[leechfean]] gie lân ferlern, wat mei ta gefolgen hie dat de lokale befolking ferearme. It Ryk ferplichte dêrom yn 1822 ferfeanters om it gebiet dat se ôfgroeven hienen dêrnei ek droechdrûch te lizzen. De kosten hjirfan moasten troch harren sels opbrocht wurde yn de foarm fan ''slyk- en earmenjilden'', in belesting dy’t oer de oanmakke [[Turf (brânstof)|turf]] heft waard. Mei de opbringst hjirfan waard ek de earmoede bestriden. De ferfeanters, dy’t mienden dat in winst opsmitende eksploitaasje hjirtroch ûnmooglik waard, protestearren tsjin dizze regeling en waarden d6eryn stipe troch de provinsje.
 
It jier dêrop besluet kening [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] (1772-1843) in adviseur nei Fryslân ta te stjoeren, [[Edmond de la Coste]] (1778-1870), dy’t in oplossing foar de sitewaasje betinke moast. Yn it rapport dat hy nei syn reis útbrocht, beskreaun De la Coste detroch ferfeantingen ûntstiene wetterplassen sa:
:''"Deze waterplassen zijn <small>(...)</small> verwoestend en vernielend bij storm, en vooral wanneer <small>(...)</small> het boezemwater van Vriesland zich in de zee niet kan ontlasten maar over de lage landen door de winden heen en weer gedreven wordt, zijn de <small>(...)</small> plassen <small>(...)</small> woedende meeren, waarvan de golven <small>(...)</small> de naburige gronden afkabbelen <small>(...)</small> de wegen wegspoelen <small>(...)</small> en de plaatsen waar dorpen staan voor de bewooning van menschen bijna onvatbaar maken"''.
Dochs stie De la Coste gjin yngripende maatregels foar. Nei oanlieding fan syn befinings waarden de Fryske [[gritenij]]en yn fjouwer klassen opdield, elk mei in eigen ferfeantingsreglemint. Feanterijen yn gritenijen fan de earste klasse koenen foarearst op âlde foet trochgean. Dizzen hoegden yn earste ynstânsje dus net droechleindrûchlein te wurden, wat dêrtroch yn guon feanterijen noch ûngefear tritich jier duorje soe. Wol waarden dizze gritenijen slyk- en earmenjild heft. In kolleezje fan “kommitearden” waard ûnder oare belêste mei de kontrole op it ynjen en de besteging hjirfan. Dizze kolleezje soenen har letter ûntwikkelje ta feanpolderbestjoeren..
 
Doe’t om 1850 hinne de provinsje Fryslân it needsaaklik achte om in tal feanterijen droechdrûch te lizzen, waarden de feanpolders oprjochte. Dizzen waarden net lykas de wetterskippen kontrolearre troch de grûneigeners, mar troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân, wêroan de polderberstjoeren foar in soad hannelingen tastimming freegje moasten.
 
=== Boezemwetterskippen ===
[[Image:Provfriesland.gif|right|thumb|Fryslân yn 1868]]
In oare kategory binnendykse wetterskippen wienen de saneamde [[boezemwetterskip]]pen. Dizze waarden yn Fryslân benammen nei 1875 oprjochte, neidat yn de rin fan de [[19e ieuiuw]] hieltyd mear [[Boezem (wetter)|boezemlân]] foar de lânbou ynpoldere wie. De ynstelling fan dizze wetterskippen waard oanmoedige troch de provinsje, dy’t hjiryn in goede manier seach om de wetterbehearsking te ferbetterjen. Boezemwetterskippen moasten leechlizzende stikken lân bedykje en sa beskermje tsjin hege [[Boezem (wetter)|boezemwetterstannen]]. Ek waarden se ferantwurdlik foar it bemeallen fan dizze gebieten. It heechste bestjoersorgaan fan in boezemwetterskip wie de gearkomste fan yngelannen, dy’t meast ienkear yn it jier gearroppen waard. De deiske gong fan saken wie yn hannen fan in bestjoer, dat troch de yngelannengearkomst beneamd waard.
 
=== Fúzjes ===
By de provinsje groeiden yn de rin fan de [[20e ieuiuw]] stadichoan mear beswierren tsjin it grutte tal wetterskippen yn Fryslân, hoewol’t om 1958 noch altyd in tredde part fan de provinsje by gjin inkel wetterskip hearde.
 
Nei fúzjes yn 1938 en yn it begjin fan de jierren sechtich bleaunen noch alve ''seewarrende wetterskippen'' oer, dy’t yn 1980 fusearre waarden ta it ''Wetterskip Fryslân''. Yn 1993 gie dit op yn it nije ''Waterschap Friesland'', dat ek ferantwurdlik waard foar de nije wetterstân yn de Fryske boezem, de [[wettersuvering]] yn de provinsje en de wetterbehearsking op [[It Amelân]], [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] en [[Skylge]]. Inkele jierren letter waard dit wetterskip omneamd ta ''Wetterskip Fryslân''.
Rigel 40:
De kearntaken fan it Wetterskip Fryslân binne: it behear fan de kwaliteit en kwantiteit fan it Fryske oerflaktewetter en de soarch foar de see- en polderdiken yn de provinsje. It wetterskip ferdielt dizze taken yn in trijetal saneamde “tema’s".
* ''Feilichheid''. Hjirûnder falle de rampebestriding en it ûnderhâld, de ferbettering en it beweitsjen fan hast 190 km ''[[primêre wetterkearing]]s''. Hjirmei wurde de diken bedoeld lâns de [[Iselmar]], de [[Waadsee]], op It Amelân en Skylge en inkele diken by de grins mei [[Oerisel]]. De soarch foar de ''[[sekundêre wetterkearing]]s'' (de diken efter de seediken lâns de Waadsee en by de [[Lauwersmar]], en ek mear as 3600 km [[ouwer]]s en [[kaai]]en yn de provinsje) falt hjir ek ûnder. Ek de [[muskusrôt]]bestriding is der in ûnderdiel fan. Fierders heart ek it behear en it ûnderhâld fan hûnderten [[Gemaal (wetterbou)|gemalen]] yn Fryslân by dizze taak.
* ''Genôch wetter''. Fan alle oerflaktewetters yn Fryslân is yn in ''Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan'' fêstlein hokker funksje se ferfolje. It Wetterskip Fryslân is derfoar ferantwurdlik dat yn al dizze gebieten ferskate (soms tsjinstridige) belangen fan bygelyks lânbou, natoerbehear en skipfeart sa goed mooglik mei elkoar feriene wurde. In wichtich aspekt dêrfan is it hanthavenjen fan de [[Peil|wetterpeilen]]. Dizze binne troch it wetterskip fêstlein yn [[peilbeslút|peilbesluten]] en kinne per gebiet en seizoen ferskillend wêze. Foar de útfiering fan dizze taak makket it Wetterskip Fryslân gebrûk fan [[spuislûs|spuislûzen]], wêrfan de wichtichste dy yn [[Dokkumer Nije Silen]] en [[Harns (stêd)|Harns]] binne. Ek it [[Yr. D.F. Woudagemaal]] by [[Teakesyl]] en it [[J.L. Hooglandgemaal]] yn [[Starum]] spylje hjirby in rol. Mei dizze beide gemalen kin teffens yn tiden fan droechtedrûchte wetter út de Iselmar ynlitten wurde yn de provinsje. Yn gefal van wetteroerlêst kin it wetterskip foar it bemeallen fan de Fryske boezem ek tsientallen [[poldermole]]s ynsette, wêrfan de organisaasje in oantal yn eigendom hat.
* ''Skjin wetter''. Ek de [[Wettersuvering|suvering]] fan it oerflaktewetter yn Fryslân falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân. Foar it útfieren fan dizze taak, dy’t ek yn it wetterhúshâldingsplan omskreaun is, brûkt it wetterskip in tritich [[rioelwettersuveringsynstallaasje]]s ferspraat oer de provinsje. It wurket hjirby gear mei gemeenten en de provinsje.
 
Rigel 48:
== Keppeling om utens ==
* [http://www.wetterskipfryslan.nl/ Webstee Wetterskip Fryslân]
* Undersyksgids oer de skiednis fan de Fryske wettersteat: [http://nl.scribd.com/doc/59508741/DroegeDrûge-fuotten-onderzoeksgids-voor-de-Friese-waterstaatsgeschiedenis DroegeDrûge Fuotten]
 
== Boarnen ==