Bernard Smilde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Smilde is ôfrûne sneon stoarn
L [[]]
Rigel 2:
 
== Biografy ==
Fan jongs ôf oan waard hy mei de muzyk grutbrocht, hy studearre fan 1961 oant 1964 oan it "Stedelijk Muzieklyceum Groningen" by [[Clemens-Christoph von Gleich|C.J. von Gleich]] en Fr. van Eeden. Yn 1965 waard dy stúdzje ôfsletten mei it steatseksamen Muzykskiednis B. Yn 1979 die er syn doktoraaleksamen [[Teology]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] mei as byfak Muzykwittenskip by dr. [[Paul op de Coul|P. op de Coul]]. Smilde promovearre yn 1986 oan de Teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins ta doktor yn de Teology.
 
Smilde wie dûmny yn [[Achlum]] ([[1949]]-[[1953]]), [[Garyp]] ([[1953]]-[[1958]]), [[Grootegast]] ([[1958]]-[[1964]]), [[De Gordyk]] (1964-[[1967]]) en [[Burgum]]. Hy wurke sûnttiids yn Ljouwert as redaksjesekretaris fan de [[Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting]]. Hy wurke ek as [[oersetter]] mei oan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] ([[1966]]-[[1978]]), wêrby't er de boeken ''[[Numeri]]'', ''[[1 en 2 Kroniken]]'', ''[[Jesaja]]'', ''[[Jeremia]]'', ''[[Ezechiël]]'', ''[[Hoséa]]'', ''[[Joël]]'', ''[[Amos]]'', ''[[Obadja]]'', ''[[Jona]]'', ''[[Micha]]'', ''[[Nahum]]'', ''[[Habakuk]]'', ''[[Sefanja]]'', ''[[Haggai]]'', ''[[Sacharja]]'' en ''[[Maleächy]]'' fertaalde. Sûnt dosearret [[1965]] er oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert.