De earste einekoaien waarden yn Nederlân yn de [[16e ieuiuw]] oanlein. Yn de [[17e ieuiuw]] ferskynden se ek yn [[Dútslân]] (''vogelkoje''), yn [[Münsterlân]] en [[Denemark]] (''fuglekøje''). Ek yn [[Ingelân]] (''decoy'', ôflaat fan 'de koai')<ref>Neffens Chambers Dictionary</ref> waarden koaien oanlein nei Nederlânsk foarbyld. Sûnt de [[18e ieuiuw]] waarden nei Nederlânsk foarbyld koaien ynrjochte yn [[Noard-Fryslân]], benammen op de eilannen. Ek yn it bûtenlân binne einekoaien tsjintwurdich ringkoaien en lûke sy toeristen. Begjin [[20e ieuiuw]] binne fierwei de measte koaien opdûkt.
De [[Schotanusatlas]] fan [[1718]] jout yn [[Fryslân]] noch 147 koaien; [[Wopke Eekhoff|Eekhoff]] syn atlas lit noch 86 sjen, dêr't 62 fan ''vervallen'' wiene.
Mids 80er jierren fan de 19e ieuiuw waarden noch 41 ''decoys'' yn Ingelân yn it wurk holden; 145 waarden doe al net mear brûkt.<ref>Harvnb Payne-Gallwey 1886. 60–187.</ref> No binne dêr mar in pear oer, sa as [[Hale Duck Decoy]] yn [[Cheshire]] en [[Boarstall Duck Decoy]] ûnder [[Aylesbury]] yn [[Buckinghamshire]], dy't eigendom binne fan de ''National Trust''. Ek yn Denemark (Fanø) binne noch in hantsjefol oerbleaun.