Nicolas Appert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 12:
Ta eare fan Appert wurdt ynmeitsjen wol faker "appertisaasje" neamd, dit as ûnderskied mei [[pasteurisaasje]]. It earste besykjen fan Appert om fiedsel yn te meitsjen troch dit te sieren gie ten koste fan de smaak fan it ynmaaksel, dit yn tsjinstelling mei it fiedsel dat bewurke waard troch [[pasteurisaasje]] dêr't de temperatuer mar 70 °C by is.
 
De metoade fan Appert wie sa ienfâldich en maklik te dwaan, dat it al gau wrâldwiid dien waard. Yn [[1810]] patintearre syn lângenoat [[Peter Durand|Pierre Durand]] (ek bekend ûnder syn Ingelske namme Peter Durand) syn eigen metoade, allinnich diskear yn in blikkene doaze, in modernere manier om iten te bewarjen. Yn [[1812]] kochten de Ingelsken [[Donkin]] en [[Hall]] beide patinten en begûnen mei it produsearjen fan ynmakke fiedsel. Minder as tsien jier letter waard it Appert model fan ynmeitsjen yntrodusearre yn de [[Feriene Steaten]]. De massaproduksje fan blikgrienten waard pas gewoan oan it begjin fan de [[20e ieuiuw]].
 
De stúdzjeferiening fan studinten [[Libbensmiddeletechnology]] '[[Nicolas Appert (stúdzjeferiening)|Nicolas Appert]]' oan [[Wageningen Universiteit]] is nei him neamd.