Hamlet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: pt:Hamlet is een etalage-artikel
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 3:
 
== Eftergrûn ==
''Hamlet'' is mei 3929 rigels it langste toanielstik fan Shakespeare. It is ûndúdlik wannear't er it skreaun hat, nammenste mear om't der in eardere ferzje fan bestien liket te hawwen, it saneamde [[Oer-Hamlet|Oer-''Hamlet'']], dy't foar it earst yn [[1589]] neamd waard. Shakespeare syn ferzje kaam pas yn [[1604]] út. Der wurdt wol spekulearre dat Oer-''Hamlet'' in iere foarm fan it Shakespeariaanske ''Hamlet'' wêze kinne soe. Hoe dan ek, ''Hamlet'' wurdt rekkene ta de [[wraaktrageedzjes]], mar ien fan de meast opfallende saken yn it stik is krekt dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (''to be'') as stjerre (''not to be'') kin. Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven, lykas famyljerelaasjes, relaasjes tusken minners en freonen, spoekselsspûksels, dwylsin (de sabeare sljochtsinnigens fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia) en moard en selsmoard.
 
Shakespeare hie in jonkje, [[Hamnet Shakespeare|Hamnet]], dat net âlder as alve jier wurden is. Der wurdt oannommen dat dat foar him de grûn wie om it ferhaal fan Amleth te bewurkjen. Dat ferhaal wie al mear ferteld yn [[Ingelân]], mar giet werom op 'e skiednis fan Denemark troch [[Sakso Grammatikus]], dy't mooglik op 'e [[Britske Eilannen]] brocht wie troch de [[Wytsingen]].
Rigel 19:
Op in nacht ferskynt de geast fan 'e heit oan Hamlet en fertelt him dat hy yndie fermoarde is troch Claudius. Dy hat nammentlik gif yn syn ear getten doe’t er lei te sliepen. De geast ropt Hamlet op om wraak te nimmen op syn moardner, mar syn mem, Gertrude, moat er gewurde litte, want dy is ûnskuldich.
 
De prins rint yn syn swarte rouklean troch it kastiel om en sint op wraak. Mar tagelyk wifket er: kin er de tsjûgenis fan in spoekspûk wol fertrouwe? Hy beslút om krekt te dwaan as oft er gek is. Claudius, Gertrude en harren riedsman Polonius mistrouwe de boel lykwols en litte Rosencrantz and Guildenstern, twa stúdzjefreonen fan Hamlet, oerkomme om him te bespionearjen. Hamlet trapet der net yn en giet troch mei him foar te dwaan as in sljochtsinnige, sawol foar harren oer as foar Ophelia oer, de dochter fan Polonius, op wa't er fereale wie.
 
Dan komt der in selskip fan omreizgjende toanielspilers oan by it Deenske hof. Hamlet freget harren om 'e dea fan syn heit nei te spyljen. Hy hopet oan 'e réaksje fan Claudius op it toanielstik sjen te kinnen oft de geast de wierheid sprutsen hat. Claudius rint lulk fuort en no is Hamlet wis fan syn saak. Keninginne Gertrude wol nei de foarstelling op har sliepkeamer mei Hamlet yn petear, wylst Polonius dêr efter in muorretapyt ferskûle sit om harren yn 'e rekken te hâlden. Hamlet ferwyt syn mem dat se sa hastich mei Claudius troud is. Dan heart er in lûd en hy tinkt dat it syn omke is. Hy stekt mei syn swurd dwers troch it tapyt hinne en deadet sa by fersin Polonius.