It Goddeloas Tolhûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 5:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Goddeloaze-singel (Goddeloze singel).jpg|thumb|left|''De Goddeloaze singel'']]
Neffens in folksleginde soe ''It Goddeloas Tolhûs'' oan syn namme komd wêze troch in fisker, dy't tichtby dat plak wenne hat. Hy die neat oars as flokke. Doe't er nei syn siikbêd ferstoar waard hy by de tolhikke fûn mei syn holle efterstfoarst op syn romp setten. Neffens it folksferhaal soe dat it wurk fan de [[Satan|duvel]] west hawwe. It tolhûs krige sûnt dizze tiid syn namme.<ref>[[Meertens Ynstitút]] (Nederlânske folksferrhalebank): [http://www.verhalenbank.nl/extra.php?info=tekst&idnummer=CJ040202&volksverhaal_type=SINSAG%200917&atu_type= Hoe is de namme Godloas Tolhûs ûntstien?]</ref> Yn in oare sêge wurdt de bnamme ferklearre dat der in reedrider ferdronken wêze soe. Hy raasde om help fan de bewenners. Hoewol't se him hearden holpen se him net.<ref>[[Meertens Ynstitút]] (Nederlânske folksferhalebank): [http://www.verhalenbank.nl/extra.php?info=tekst&idnummer=CJ027408&volksverhaal_type=TM%202601&atu_type= Doe krige dat tolhûs de namme fan Godloas tolhûs.]</ref> De sirka 3,5 kilometer lange singel, heaks op de Falomster Feart draacht de namme ''Goddeloaze singel''. Ek oer dit plak binne ferskate (spoekspûk)ferhalen.<ref>[[Meertens Ynstitút]] (Nederlânske Folksferhalebank): [http://www.verhalenbank.nl/lijst_volksverhalen.php?zoekterm=goddeloze+singel Goddeloze singel]</ref> Ek yn it wurk fan de skriuwer [[Theun de Vries]], dy't yn dizze kontreien wenne hat, komme it Goddeloas Tolhûs en de goddeloaze singel foar.
 
{{boarnen|boarnefernijing=