De Hûn fan 'e Baskervilles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 6:
 
[[File:Fox Tor.jpg|thumb|left|300px|Fox Tor, op [[Dartmoor]]. Dit ôfwikseljend sompige en rotsige [[heide]]gebiet brûkte [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] as dekôr foar syn [[roman]] ''The Hound of the Baskervilles''.]]
Cabell, waans tombe noch altyd yn it Devoanske doarpke [[Buckfastleigh]] stiet, wie in plattelânsjonker dy't yn 'e [[santjinde ieu]] libbe. Hy hie de reputaasje dat er de duvel fan 'e kroade ôfglide wie. Sa waard derfan grute dat er syn frou deadien hawwe soe. Sterker noch, yn dy krite sei (en leaude) men dat er letterlik syn siel oan 'e duvel ferkocht hie. Cabell wie poersljocht nei de jacht en doarme sadwaande in protte op Dartmoor om. Nei syn dea, yn [[1677]], waard der neffens de ferhalen geregelwei in mysterieuze ridel spoekhûnenspûkhûnen yn 'e buert fan syn grêf waarnommen. Der waard sein dat Cabell syn geast nachts mei dy hûnen op jacht gie op Dartmoor, benammen op syn stjerdei. Om oan sokke duvelske praktiken in ein te meitsjen, bouden de doarpelingen doe in grut gebou oer syn grêf hinne en leine se in grutte stiennene plaat op it eigentlike grêf.
 
==Ynhâld==
Sir Charles Baskerville wurdt dea fûn op it hiem fan syn lânhûs, ''Baskerville Hall'', oan 'e râne fan Dartmoor, yn Devon. De oarsaak blykt in [[hertoanfal]] te wêzen, mar Baskerville syn [[dokter]] en freon James Mortimer fermoedet dat der mear efter sit, fral as er de poatleasten fan in ûnbidich grutte hûn by it lyk ûntdekt. Hy sit sa yn noed om sir Henry Baskerville, de omkesizzer en iennichste libbene erfgenamt fan 'e ferstoarne, dy't oerkomt út [[Kanada]] om syn beërf yn besit te nimmen, dat er nei [[Londen]] ta reizget en Sherlock Holmes ynskeakelet. Mortimer fertelt Holmes en dy syn trouwe assistint dokter John Watson oer in pleatslike leginde, dy't hawwe wol dat der in flok op it laach fan 'e Baskervilles rêst. It giet allegear werom op harren poerminne, [[santjinde ieu|santjinde-ieuske]] foarfaar Hugo Baskerville, dy't fereale waard op in boeredochter en har ûntfierde. It fanke ûntsnapte en flechte by nacht Dartmoor op, mar Baskerville ûnthiet syn siel oan 'e duvel as er har op 'e nij finzen nimme koe. Dat slagge him, mar it joech him net folle: se waarden dyselde nachts noch beide dea fûn, sy stoarn fan eangst en hysels deabiten troch in reuseftige, ljochtsjende spoekhûnspûkhûn. Mortimer is derfan oertsjûge dat de hellehûn sir Charles ek de dea ynjage hat, en is benaud foar wat der barre sil as de jonge erfgenamt sir Henry him nei wenjen set yn ''Baskerville Hall''.
 
As sir Henry yn Londen oankomt, wurdt der daliks al in bryfke yn syn hotelkeamer ôflevere dat him warskôget om by Dartmoor wei te bliuwen. Holmes stelt fêst dat it troch frou stjoerd wêze moat. Fierdersoan rekket ien fan sir Henry syn nije learzens wei, en dûkt dan wer op wylst der tagelyk ien fan syn âlde learzens ferdwynt. Holmes makket dêrút op dat der in libbene hûn yn 't spul is, mei't de lears perfoarst brûkt wurde sil om it bist sir Henry syn geur te jaan (de nije lears, dêr't syn lucht noch net oan siet, wie foar dat doel ûnbrûkber). As dan ek noch bliken docht dat sir Henry folge wurdt troch in fertocht hearskip, kriget Holmes almar mear belangstelling foar de saak. Earst wurdt tocht dat de efterfolger miskien Barrymore, de butler fan ''Baskerville Hall'', wêze kinne soe, mar tillegrafyske kommunikaasje stelt fêst dat dy noch yn Devon is.